Frysk strângedicht socht foar de Vliehors Expres

maaie 14, 2023 08:22

Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Vliehors Expres en Ljouwert Unesco City of Literature dogge no in oprop om in nij Frysk strângedicht yn te stjoeren.

Strângedicht fan Maida Robert (boarne: Ljouwert Unesco City of Literature)

Betingsten:
– It maksimum oantal dichtrigels is twa;
– De dichtrigels moatte yn it Frysk of in Fryske streektaal oanlevere wurde;
– De dichtrigels hawwe in link mei de see, it strân en/of it libben op it eilân;
– Beide dichtrigels binne net langer as 56 tekens, ynklusyf spaasjes en ynterpunksje;
– De folsleine lingte fan de tekst is maksimaal 112 tekens, ynklusyf spaasjes en ynterpunksje;
– De dichtrigels wurde oanlevere yn Jotform, mei dêrby auteursnamme en kontaktgegevens;
– Ynstjoerders meie mear as ien kear ynstjoere.

De oprop rint o/m woansdei 31 maaie 2023. Ynstjoere kin mei it Jotform-formulier. De ynstjoerings wurde troch in sjuery meiwurkers fan de Vliehors Expres en Ljouwert Unesco City of Literature beoardiele. De winner kriget yn juny berjocht. De selektearre dichtrigels wurde op de Vliehors Expres oanbrocht sadree’t dy oan nije bannen ta is. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

maaie 14, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.