Frysk Museum iepenet nije fotoútstalling

maaie 5, 2023 08:22 Fernijd

Eksperts geane yn op de ûntwikkeling fan it Frysk lânskip

Fryslân is hieltyd yn beweging. Fan de grûn ôf is dat net altyd te sjen, mar wa’t ús provinsje fan boppen ôf besjocht, falt it op hoe’t hjoed en ferline patroanen yn it lânskip neilitte. De nije fotoútstalling Fryslân fan boppen ôf yn it Frysk Museum leit dy spoaren hierskerp bleat.

Foto: Siebe Swart

Op tongersdei 11 maaie wurdt in ynhâldlik ferdjippingsprogramma oer dat ûnderwerp holden. Yn trije koarte kolleezjes nimme spesjalisten de dielnimmers yn fûgelflecht mei troch de ûntwikkeling fan it Fryske lânskip. Sprekkers binne Jeroen Wiersma, lânskipshistoarikus, Marijke Bekkema, geo-ynformaasje-analist en Wiebe Bouma, direkteur fan Lânskipsbehear Fryslân.

It ferline, hjoed en in blik yn ’e takomst
Jeroen Wiersma sil it earste kolleezje fersoargje en yngean op hoe’t de minske dizze wetterrike provinsje bewenber makke hat. Marijke Bekkema fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga sil it twadde kolleezje jaan en útlizze hoe’t nije techniken ynset wurde kinne om de fitaliteit fan ús libbensomjouwing te yn ’e gaten te hâlden en te analysearjen. It tredde kolleezje, presintearre troch Wiebe Bouma, sil him rjochtsje op hoe’t ús lânskip der oer tritich jier útsjen kin.

It programma is fan 16.15 oant 17.15 oere. Dêrnei is der foldwaande gelegenheid om de útstalling te besjen en te netwurkjen ûnder it geniet fan in burrel. Oanmelde kin fia www.friesmuseum.nl/Fryslanvanboven.

Foto: Nederlands Instituut voor Militaire Historie

Histoaryske en moderne loftfoto’s
Yn de útstalling is Fryslân yn fûgelflecht te besjen. Histoaryske en moderne loftfoto’s jouwe in unyk útsjoch op it lânskip troch de jierren hinne, oant yn bjusterbaarlik detail. Mei hierskerpe bylden fan doe en no ûntdekt de besiker net inkeld patroanen yn de lânbou, ynfrastruktuer en terpen, mar ek yn sosjale struktueren as stedsûntwikkeling, archeology en wetterwegen. Boppedat fertelt de útstalling oer de opkomst en ûntwikkeling fan loftfotografy; fan de libbensgefaarlike kaprioalen troch fleaners fan de loftfeartôfdieling – in foarrinner fan de loftmacht – oant de moderne false color-fotografy, dêr’t mei ynfraread details sichtber wurde dy’t mei it minsklik each net waar te nimmen binne.

Fryslân fan boppen ôf is fan 6 maaie 2023 oant en mei 5 maaie 2024 te sjen yn it Frysk Museum yn Ljouwert.
www.friesmuseum.nl

maaie 5, 2023 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.