Folle bus Jongfryske Mienskip nei Upstalsbeam

maaie 26, 2023 08:16 Fernijd

Kommissaris Arno Brok sil ek by de Upstalsbeam sprekke

De ynter-Fryske gearkomste by de Opstalbeam is in jierliks kultureel barren. Friezen út de ferskillende Fryslannen komme alle jierren op de tiisdei nei de Pinkster byinoar om te harkjen nei sprekkers en muzyk. Dit jier sil Kommissaris fan ’e Kening Arno Brok ek by de Upstalsbeam sprekke. Dêrneist komme professor Aldfrysk Oebele Vries en direkteur fan ’e Ostfriesische Landschaft Riko Mecklenburg oan it wurd. Nei de gearkomste by de Upstalsbeam treffe de dielnimmers inoar by de slûs Kûkelorûm, dêr’t de ferskillende Friezen mei-inoar yn petear gean kinne.

Byld: Friesisches Forum

De Jongfryske Mienskip organisearret sûnt foarich jier in busreis nei de Upstalsbeam. Krekt as ferline jier sit dit jier de bus wer hielendal fol. Mei stipe fan ’e Ems-Dollard-Regio en subsydzje fan it Interreg-fûns waard de busreis mooglik makke. De busreis is net inkeld nei de Upstalsbeam ta. De dielnimmers hawwe de middeis ek noch de gelegenheid om troch Leer te strunen. De Jongfryske Mienskip is tige optein mei de grutte animo en stipe. Foarsitter Sander Hoekstra: “Wy wolle oare Friezen ynspirearje en waarm meitsje foar de ynter-Fryske saak. It ferhaal fan Fryslân en de Fryske taal is sûnder it ferhaal fan de oare Fryslannen net te begripen. Ek al wenje we yn twa ferskillende steaten, wy foarmje mei-inoar in ienheid.”

De busreis wurdt krekt as ferline jier organisearre troch Alfred Plantinga en Martsje de Jong. Alfred Plantinga: “Wy fiele dat der hieltyd mear ynteresse is foar de oare Fryslannen. Dat fernimst oeral. Sjochst it oan dizze busreis en oan ’e polityk. De bus sit alwer fol en Kommissaris fan ’e Kening Arno Brok sil as heechste fertsjintwurdiger fan ‘e provinsje Fryslân by de Upstalsbeam sprekker. Moaier kin it net.”

De Jongfryske Mienskip is fan doel om takomme jier wer in busreis te organisearjen.

maaie 26, 2023 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.