Nijjiersrevu De Jouwer: Maaie, de trein rydt fierder

maaie 17, 2023 08:30

Bloch

Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (5)

Mei de simmermoannen foar de doar, rydt de revu-trein stadichoan fierder. Stasjon foar stasjon en stapke foar stapke komme wy tichter by de 36e Nijjiersrevu. Takom moanne wurde alle plannen oan de folsleine revuploech presintearre. Dêr is fansels noch wol it ien en oar oan foarôf gien.

Foto: Revuploech De Jouwer

Lykas earder al ris skreaun is, hawwe trije spilers nei de 35e revu oanjûn der by de 36e net by te wêzen. Spitich fansels, mar miskien ek wol goed: nij bloed soarget foar nije ynbring.

Gelokkich hiene wy in listje fan minsken dy’t wol graach ris meidwaan wolle. Ferline moanne hawwe wy dy minsken skille en harren foar in ‘audysje’ útnûge. Op it moment suprême mochten dy minsken foar regisseur Anneke en bestjoerslid Wiebren ferskine en sjen litte wat se ta harren foldwaan hawwe. In stikje sjonge, in situaasje spylje, wat ymprovisearje, fertelle wa’t se binne en wat se moai fine om te dwaan, ensafuorthinne. ‘Audysje’ is ús lykwols wat in swier wurd. It giet derom dat wy minsken fine dy’t der nocht oan hawwe, dy’t yn de ploech lykje te passen, dy’t in noflike stim hawwe om nei te harkjen. Alles dus op de wize dy’t neffens ús de revu typearret: noflik, leechdrompelich, waarm én mei ambysje.

Wy binne bliid fertelle te kinnen dat wy in entûsjaste jongfeint en in aardich frommeske fûn hawwe dy’t fan de 36e Nijjiersrevu ôf yn de revu-trein meiride wolle! Fansels bringe wy elkenien yn ’e rin fan ’e tiid mei harren yn ’e kunde.

Wy hawwe deroer yn noed sitten en it hat wat switdrippen koste, mar ek moai om te fertellen is dat wy in hiel ein op wei binne mei it finen fan in nije muzikaal lieder. De ôfrûnjende petearen binne op it stuit noch yn folle gong. Wy hawwe goede hoop dat we begjin juny ús ploech mei ús nije muzikale man (ja, it giet hjir wer om in manspersoan) yn ’e kunde bringe te kinnen.

En dan it skript noch. Regisseur Anneke set de lêste puntsjes op de i en dan is it klear. Yn beton getten? Nee, fansels net. Wy sjogge it as in spoarboekje. Der kin noch wol ris in oar spoar keazen wurde en ek noch wolris in tuskenstasjon oan tafoege wurde. Mar de basis leit der.

Op nei it folgjende stasjon. Yn juny kinne jimme mear oer ús treinreis lêze.

Folkeline Papjes, Revuploech De Jouwer, maaie 2023

Besjoch de skets ‘Bêst genôch’:

maaie 17, 2023 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.