Filmmuzyk fan Ennio Morricone yn ‘Het Uur van de Wolf’

maaie 4, 2023 08:22 Fernijd

Hy is miskien wol de grutste filmkomponist ea: Ennio Morricone. Elkenien kin de meldijen dy’t er komponearre foar spagettywesterns Once Upon a Time in the West en The Good, the Bad en the Ugly meinúnderje. De twafâldige Oscar-winner hat de muzyk yn mear as fiifhûndert films yn alle mooglike sjenres op syn namme stean. Dêrneist joech er wrâldwiid konserten yn útferkochte sealen. Yn de tv-dokumintêre Ennio – Maestro fan de filmmuziek wurdt in reis makke troch de filmskiednis oan ’e hân fan de komposysjes fan de master.

Ennio Morricone (foto: ©NTR)

Sels wol er leaver dokter wurde, mar de heit fan de jonge Ennio Morricone (1928-2020) beslút dat Ennio nei it konservatoarium moat om, krekt as hysels, trompetter te wurden. Morricone skarrelet de kost byinoar troch trompet te spyljen yn nachtklups, en dêrtroch falt er op it konservatoarium yn de les faak yn ’e sliep. Krekt nei de Twadde Wrâldoarloch skriuwt er syn earste grutte komposysjes en yn de fyftiger en sechstiger jierren skriuwt er fernijende popmuzyk foar artysten as Paul Anka en Mireille Mathieu.

Foto: ©NTR

Yn de sechstiger jierren brekt Morricone mei syn filmmuzyk troch by it grutte publyk, hoewo’t er him dêr earst noch wat foar skammet en leaver mei eksperimintele komposysjes dwaande is. It is de gearwurking mei syn jeugdfreon en regisseur Sergio Leone dy’t alles yn in streamfersnelling bringt. De earste film dy’t se tegearre meitsje, A Fistful of Dollars, wurdt mei tanksij de grutte rol fan de muzyk fan Morricone in wrâldsukses. Geandewei wurdt syn talint troch hieltyd mear regisseurs ûntdutsen, wat laat ta suksessen as The Good, the Bad and the Ugly, (it ferneamde gûljen fan in hyena), Novecento, Cinema Paradiso, The Mission en The Hateful Eight.

De film jout in seldsum ynsjoch yn ’e holle fan Moricone. Sa komponearret er altyd yn stilte, mei inkeld potlead en papier. Yn in wiidweidich fraachpetear nimt de master de sjogger mei en lit er him as in kundich ferteller kenne. Fan syn earste films mei Sergio Leone oant it winnen fan de Oscar foar The Hateful Eight (2015). De dokumintêre sit fol filmfragminten en oantinkens fan kollega’s en filmmakkers as Bernardo Bertolucci, Clint Eastwood, Quentin Tarantino, Bruce Springsteen en Hans Zimmer.

Regisseur: Giuseppe Tornatore (Italië, 2021);
Produsint: Gabriele Costa, Gianni Russo.

Tiisdei 9 maaie 2023 om 22.35 oere by de NTR op NPO 2.

maaie 4, 2023 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.