Farferbining haven Harns mei Noarwegen?

maaie 8, 2023 12:30

Ynstjoerd

Op 13 april stie in ynstjoerd stik fan my yn de krante dêr’t ik yn pleite foar in farferbining tusken Harns en it Noarske Kristiansand no’t de ferbining fan Eemshaven nei Kritiansand mei de MS Romantika ferhuze is nei Cuxhaven en letter nei Emden. Sawat tagelyk stelde it Harnser CDA-gemeenteriedslid Wim Wassenaar dat oan it Harnzer kolleezje foar. Hy krige as antwurd fan wethâlder Paul Schoute dat de Harnzer haven foar sa’n skip ûngeskikt is: “Te lang, te breed, te diep. Plus dat we dan een terminalterrein nodig hebben dat we niet hebben.”

Foar myn gefoel in nochal ûnbefredigjend antwurd, omdat Harns just pretindearret te stribjen nei it ûntwikkeljen fan de stêd as cruisehaven. Dat gefoel waard noch sterker doe’t ik yn de LC fan 1 maaie lies dat it cruiseskip Fridtjof Nansen fan de Noarske rederij Hurtigruten mei in lingte fan 140 m de Nije Willemshaven ynfearn wie. It kin dus wol! Der kamen 530 besikers oan ’e wâl, in aardige opstekker foar de stêd. Kinst neigean hoe’n toeristyske hotspot Harns wurde soe as de Romantika in pear kear yn ’e wike yn ’e stêd oanlizze soe. Toeristysk ek wichtich foar it Fryske efterlân, bgl. foar Frjentsjer as dêr ynkoarten it planetarium de wrâlderfgoedstatus fan de Unesco kriget.

De fraach riist no wat Harns echt wol: de stêd wol of net as cruisehaven en ynternasjonale fearhaven ûntwikkelje? Sa ja, dan soe Harns alle war dwaan moatte om dat mooglik te meitsjen, bgl. troch de haven oan te passen. Of binne se bang dat it Harns dan oer de fûst rint?

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

maaie 8, 2023 12:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.