Emosjonele spiler lit Dútske plysje útride
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
Yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein is ferline wike de plysje útriden foar in hystearyske spiler yn it doarpke Bendfeld. Ferskate minsken út de buert skillen de plysje, omdat se ien om help roppen hearden. De plysjes giene op de melding ôf en kamen út by in emosjonele jongkeardel dy’t in kompjûterspul spile.

Foto: pixabay.com
It wie foar omwenners en de helptsjinsten lestich om derefter te kommen wêr’t de needgjalpen wei kamen. Neidat sûnder sukses in bassin ûndersocht wie, sette de plysje úteinlik mei de frijwillige brânwacht in drone yn om de jonge te finen. Dy fertelde letter oan de plysje dat er mei oaren in spul op ynternet spile. Hy rôp om help wylst in rút iepen stie. Omdat er de lûden fan it spul op syn koptelefoan hearde, hie de jonge net troch dat er sa hurd oan it razen wie.
Hy ûnthiet syn doarpsgenoaten yn Bendfeld om tenei by it spyljen syn emoasjes stiller te uterjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje