Edukative en ûnderhâldende ‘Dei fan de Sealterfriezen’

maaie 17, 2023 07:58

Op 24 juny organisearje de Fryske Akademy en it Seeltersk Kontoor de Dai fon do Seelter op it Landgasthof Dockemeyer yn Ramsloh-Hollen. Sealterlanners en oare belangstellenden wurde útnûge om mei te dwaan.

Lêzingen oer de Sealterske taal en skiednis wurde ôfwiksele mei aktiviteiten as dûns, muzyk en kwissen. De dei wurdt organisearre yn trije talen: Heechdútsk, Platdútsk en fansels it Sealterfrysk.
Meidwaan is fergees. Nigethawwers kinne har oanmelde by Tjallien Kalsbeek op kalsbeek@saterland.de / 04498 940 100.

Johanniterkapel yn Bokelesch (foto: Wikimedia Commons/Wikiwal – CC BY-SA 4.0)

It deiprogramma:
09:30 Kofje en tee;
10:00 Bern wolkomje de dielnimmers;
10:15 Katharina Thomas – ûndersiker by Mercator/Fryske Akademy, Ljouwert, West-Fryslân: Minderheidstalen yn Jeropa – bêste ûnderfiningen en kânsen;
10.45 Menno Aden – skriuwer fan Oer de Fryske taal fan it Eastlauwersk Frysk/Eastfrysk kultuergebiet: Sealterfrysk yn ferliking mei de oare Eastfryske dialekten – Wat is Eastfrysk?
11:15 Kwis;
11:30 Eric Hoekstra en Bouke Slofstra – taalkundigen Fryske Akademy, Ljouwert, West-Fryslân: Sealterfrysk: grammatika en ferhâlding ta de oare Fryske lannen;
12:00 Middeismiel;
13:00 Ingeborg Remmers en Edith Sassen – leararen yn Sealterlân: Seeltersklopt;
13.30 Folksdûnsgroep Sealterlân;
13:45 Stephen Laker – taalkundige by Kyushu University, Fukuoka, Japan: De besite fan Deenske taalkundigen oan it Sealterlân yn 1972;
14:15 Skets;
14.30 Veronika Pugge en Henk Wolf – lektor Sealterfrysk / wittenskiplik amtner yn it Seeltersk kantoar fan de Oldenburgische Landschaft: Europeesk Referinsjeramt foar Talen;
15:00 De dielnimmers ferhúzje nei de Johanniterkapel yn Bokelesch;
15.30 Renate Lüken-de Vries – Gemeente Sealterlân: Rûnlieding en útlis fan de Johanniterkapel;
16:00 Ein by it besikerssintrum fan de Johanniterkapel;
17:00 Ein fan it programma.

maaie 17, 2023 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.