Dútske sjirurch ropt help himmelster yn by amputaasje tean
Resint ferskynd
In Dútske dokter hat yn it universitêr sikehûs fan Mainz by in operaasje assistinsje fan in skjinmakster frege. Dat barde al yn 2020, mar it ferhaal is no pas buorkundich wurden.

Foto: pixabay.com
It sikehûs hat spyt betsjûge. De pasjint, fan wa’t in tean amputearre waard, soe gjin komplikaasjes oan de operaasje oerholden hawwe. De pasjint soe by de operaasje ûnrêstich wurden wêze en dêrom besleat de sjirurch in himmelster te freegjen om de skonken fan de pasjint fêst te hâlden. De dokter frege har ek om sjirurgyske ynstruminten oan te jaan. Neffens de lokale krante Mainzer Allgemeine Zeitung hie de frou gjin medyske ûnderfining.
De dokter krige suver fuortdaliks nei it ynsidint dien. In liedingjaande yn it sikehûs kaam derefter doe’t er de skjinmakster mei beblette gaasferbannen yn ’e operaasjekeamer stean seach.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje