Dûbeleksposysje ‘Nabij’ en ‘De kunst van bouwen’ yn Museum Nagele

maaie 9, 2023 08:27 Fernijd

Fan 1 juny o/m 3 septimber 2023 is yn Museum Nagele de dûbeleksposysje Nabij en De kunst van bouwen te sjen.

‘Familie’ fan Martha de Vos (foto: Museum Nagele)

Nabij
Alle alve keunstners fan de QS2-groep hawwe har ynspirearje litten troch it wurktema ‘yntimiteit’; elk mei in eigen ‘hânskrift’. In stikmannich keunstners hawwe har mear liede litten troch it bouwen en boartsjen, mei as foarbyld de arsjitekt Aldo van Eyck dy’t in protte foar Nagele betsjut hat. De wurken binne meast makke mei tekstile materialen yn ferskillende techniken, mar ek oar materiaal wurdt tapast, lykas papier, rubber, hout. Der is twadiminsjonaal wurk en romtlik wurk te bewûnderjen.

In mienskiplik keunstwurk yn de foarm fan in saneamd byldboek sil in prominint plak yn de eksposysje krije. It boek lit fan alle dielnimmende keunstners ien of mear siden sjen mei as ûnderwerp ‘Leafde foar…’.

Oan de eksposysje wurkje mei: Inge Bosman, Anneke Ek, Liesbeth Klein, Marijke Ouwehand, Petra Gerner, Mieke Plug, Martha de Vos-Hunneman, Liesbeth Ouwerkerk, Mieke van Breda, Grietje van Wijk en Hilly Binksma.

‘Museum Nagele’ fan Wim Zwijsen (eigen foto)

De kunst van bouwen
Wim Zwijsen bout syn wurk soarchfâldich op. Mei akrylferve en pinne en inket tekenet er syn follys. Dat binne nuvere fantasijbousels. Hy makket ek gebrûk fan ôfbyldingen fan gebouwen, lykas it Stedelijk Museum, Guggenheim Museum én Museum Nagele. Se binne in oade oan de arsjitekt, respektyflik Benthem Crouwel, Frank Gehry en T. Taen en T. Nix. Zwijsen giet fierder mei in kollaazjetechnyk. Mei Meccano (Eitech)-ûnderdielen, printplaat en tekeningen op MDF komponearret er in nije wrâld. De keunst fan bouwen.

Keunstner Wim Zwijsen toant skilderijen, konstruksjetekeningen, tekeningen en follys fan 20 sm. oant 180 sm. heech.

Op 1 juny jouwe in stikmannich eksposanten om 16.00 oere in ynlieding by de dûbeleksposysje, ek foarpriuw fan de eksposysjes. De ynrin is fan 15.30 oere ôf. De ynlieding is foar elkenien tagonklik en de reguliere yntreeregeling is fan tapassing.

De iepening foar minsken dy’t útnûge binne, is op 4 juny.

Iepeningstiden: tongersdeis oant en mei sneins fan 13.00-17.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumnagele.nl.

maaie 9, 2023 08:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.