Dokumintêre oer Vermeer op moandei 29 maaie

maaie 23, 2023 08:19 Fernijd

It is de grutste Vermeer-útstalling ea: 28 wurken fan de ferneamde skilder, mei dêrûnder ‘Het melkmeisje’ en ‘Het meisje met de parel’, binne no yn it Ryksmuseum te sjen. Yn de dokumintêre Dicht bij Vermeer jout Gouden Kalf-winner Suzanne Raes ynsjoch efter de skermen fan de ynternasjonale keunstwrâld, by it ta stân kommen fan de eksposysje.

Kurator Gregor Weber (foto: ©NTR)

Foar Gregor Weber, kurator fan it Ryksmuseum en wrâldwiid ferneamd Vermeerkenner, is de útstalling it slútstik fan syn karriêre en syn grutte dream: “De earste kear dat ik in Vermeer seach, foel ik flau.” Raes folget yn har film net allinnich kuratoaren Gregor Weber en Pieter Roelofs, mar ek restauratoaren Abbie Vandivere en Anna Krekeler, yn harren misjes om in nijer, folsleiner byld fan de skilder te jaan. Want hoewol’t syn skilderijen wrâldferneamd binne, witte we net folle fan Johannes Vermeer sels. Gjin selsportretten, gjin brieven, gjin oantekeningen; in lyts oeuvre is alles dat er neiliet.

Foto: ©NTR

Dicht bij Vermeer lit alles sjen: fan de stille diplomasy dy’t nedich is om de Vermeers nei Nederlân te krijen en de nije kennis dy’t opdien wurdt troch de ferve fan de skilderijen laach foar laach minusjeus te analysearjen, oant it skokkende wrâldnijs dat in skilderij mooglik dochs gjin Vermeer is. Want wat makket in Vermeer ta in echte Vermeer? Stadichoan ûntdekt de sjogger hoe’t Vermeer by steat wie de werklikheid sa oars yn byld te bringen as syn tiidgenoaten. De kamera lit syn skilderijen fan hiel tichteby sjen en dêrtroch komt it masterskip fan Vermeer yn alle fasetten foar it fuotljocht. Mar de dokumintêre lit foaral de ‘oansteklike’ leafde sjen dy’t de konservatoaren en oare belutsenen foar de keunst fan Vermeer hawwe. Lykas kurator Weber it leafdefol bringt: “Soks kin jins blik op de werklikheid foar altyd feroarje.”

Restaurator Abbie Vandivere (foto: ©NTR)

De dokumintêre waard earder suksesfol yn de bioskoop útbrocht en krigee de status fan Kristallen Film.

Dokumintêre Dicht bij Vermeer op telefyzje
Yn Het Uur van de Wolf, moandei 29 maaie 20.25 oere op NPO 2.

Regisseur: Suzanne Raes
Produsint: Docmakers

maaie 23, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.