Doede Wiersma: Iepenbiering heart thús tusken Peaske en Pinkster

maaie 7, 2023 08:24

Oertinking

Jezus is krusige, stoarn en begroeven.
Noch gjin sechstich jier letter binne der rûnom gemeenten. Dat binne twa histoaryske feiten. Johannes, de skriuwer fan Iepenbiering, rjochtet him yn brieven oan dy gemeenten. Hysels sit finzen om syn leauwe.
Kristenen ha te meitsjen mei swiere ferfolging! It is krekt as sitte se wer yn in soarte fan Egypte. De ‘Farao’ hat no allinne in oare namme: Nero of Domitianus. It is in striid fan derop of derûnder. Twa partijen steane foarinoar oer: de draak en it Laam. It Laam jout oan Iepenbiering in Exodus-stramyn. Sa’t it bloed fan in laam oan ’e doarposten ienris foar de Israeliten rêding betsjutte, sa is yn  Iepenbiering it bloed fan it Laam (Kristus) de rêding foar de leauwigen. Kristus as Laam komt 28 kear foar yn dit lêste Bibelboek.
Sa’t ienris Israel út Egypte nei it beloofde lân gie, sa sjocht Johannes de gemeente fan Kristus ûnderweis nei de nije himel en de nije ierde. Dan sille dea, rouwe en gegûl of pine foarby wêze (21:4).
Johannes smeket de leauwigen, hast tsjin better witten yn, om te leauwen dat it Laam it winne sil fan de draak. Elk dy’t him fêstklampt oan ’e draak sil it ferlieze. ‘Egypte’ is it lêste net!
Jesaja 53 set in stimpel op Iepenbiering. Leauwigen moatte tinke oan Kristus as de rjochtfeardige dy’t, doe’t Er ferfolge waard, Him derûnder dellei, sûnder in wurd te sizzen:

“As in laam liet Er Him nei de slachtbank bringe” (Jesaja 53:7).

It ‘model’ fan Jesaja 53 bewiist dat dizze wize fan libjen takomst hat. Mar om laam wêze te doaren, ha leauwigen stipe fan de Geast nedich. Dy leart ús: “as ik swak bin, dan krekt bin ik sterk (2 Korintiërs 12:10).
Veni, Creator Spiritus – Kom, Skepper Geast!

Lêze: Exodus 12:1-13 en Jesaja 53:6 en 7

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

maaie 7, 2023 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.