Doede Wiersma: Gerjochtichheid
Resint ferskynd
Oertinking
Wy hawwe goede freonen dy’t tulpen tele. Wy sjogge en belibje it mei: it ploegjen, it ferwurkjen fan dong en strie om in goed bêd te krijen. Allegearre betingsten foar in sûn gewaaks mei sterke bollen. Wy hearre op fan it plantsjen, kopjen en pellen, oer de bêste frucht foar de tulpen. Wy sjogge ferskate soarten tulpen dy’t stik foar stik in spesifike behanneling freegje. Wy komme yn de kuolling en krije ynformaasje oer it regeljen fan de temperatuer. Wat in soarch, wat in wiisheid en wat komt dêr alles ta syn rjocht.
It grutte fisjoen fan God is gerjochtichheid. De Pinkstergeast wol minsken dêrta besiele. Diskusjes fan minsken, yn en bûten tsjerke, soene begjinne moatte mei de fraach: “Wêr tinkst oan by it wurd gerjochtichheid?” Sa’n diskusje kin elkenien oan meidwaan. Mooglik komt út sa’n beried it antwurd: “Gerjochtichheid is, dat immen of eat ta syn rjocht komt.”
Jesaja hat it sân iuwen foar ús jiertelling ek al oer de noed en de soarch fan in bouboer (Jesaja 28:23-29). Dêr’t alles ta syn rjocht komt (fers 26), moat de boer wol in ingel yn ’e holle ha (fers 26 en 29).
Sa’t de boer him tawijt oan it gewaaks, sa hearre minsken har ta te wijen oan de mienskip en oaninoar. Fan Jezus kinne wy sizze dat Er in ingel yn ’e holle hie. Syn tawijing oan minsken is ûnferjitlik. De Geast helpt minsken om yn de Geast fan Jezus te wurk te gean.
Sokke minsken krije in kreative ynset, dy’t siket nei wat relatyf better is, nei in bytsje mear gerjochtichheid as dat der op it stuit is. Dêryn kinne wy in foarbyld nimme oan de bouboer fan Jesaja “dy’t fan God leart hoe’t er dwaan moat.”
“De leafde ta de gerjochtichheid komt fan God,” sei Dorothee Sölle.
Lêze: Jesaja 28:23-29
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje