Dieven stelle twa miljoen dûbeltsjes yn Philadelphia
Resint ferskynd
Yn de Amerikaanske stêd Philadelphia hawwe dieven 200.000 dollar oan dûbeltsjes bútmakke by in frachtrôf. Dat barde in pear wike lyn. De dieders brutsen de frachtwein iepen dêr’t de munten fan tsien sint fan de Philadelphia Mint yn sieten dy’t nei de steat Floarida brocht wurde moatten hiene.

Philadelphia Mint-gebou (foto: Wikipedia/Fds527 – publyk domein)
De sjauffeur hie syn kostbere lading de jûns ophelle by it Mint-gebou en wie nei hûs ta gien om te sliepen foar syn lange reis nei it suden. Doe’t er de oare moarns om 06.00 oere by syn frachtwein kaam, bliek dat dy iepenbrutsen wie.
It is noch net bekend oft de dieven wisten dat it om in jildtransport gie mei in wearde fan 750.000 dollar yn dûbeltsjes. Neffens plysjelju hawwe dieven it de lêste tiid faker op frachtauto’s foarsjoen. “Der is lammefleis stellen, hin, telefyzjes, kuolkasten, alkohol, neam mar op.”
Wol is dúdlik dat it oerladen fan de swiere fracht net sûnder problemen gie: plysjeminsken troffen op it parkearplak in kaptaal oan munten út omfallen konteners en ferlerne bút. Skjinmakkers wiene noch oeren lang dwaande om alle fuortrôle muntsjes te sammeljen.
De plysje wit net hoefolle minsken oft der by de rôf behelle wiene en hoe’t de munten weifierd binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje