‘De Winskhoed fan Fortunatus’ fan Waling Dykstra ferskynt yn boekfoarm

maaie 20, 2023 08:18

Foar it earst ferskynt de ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus fan Waling Dykstra (1821-1914) yn boekfoarm. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek ferskynt as trettjinde boek yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en wurdt útjûn troch útjouwerij DeRyp.

Boarne: Utjouwerij DeRyp

Boekpresintaasje
De presintaasje fan De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus is op freed 2 juny om 18.00 oere yn Spannum, yn oanrin nei de opfiering fan iepenloftspul Wat bisto leaflik oer Waling Dykstra (8-20 juny). It boek sil oanbean wurde oan mar leafst fjouwer Waling Dykstra’s, te witten trije toanielspilers dy’t yn it iepenloftspul Waling Dykstra spylje en ien ‘echte’ Waling Dykstra, in famyljelid fan de skriuwer Waling Dykstra.

Oer De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus
Waling Dykstra wie de belangrykste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn betide ferhalesyklus De Winskhoed fan Fortunatus út de earste helte fan de fyftiger jierren wurdt mei dizze twatalige útjefte foar it earst yn boekfoarm publisearre. Dykstra lit syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op ’e siik gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken beharket Japiks harren petearen, hy weeft ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben.

It boek is ynkoarten te keap fia Utjouwerij DeRyp yn Koudum en ek by de opfieringen fan it iepenloftspul yn Spannum.

maaie 20, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.