De iepenloftspullen gean wer los
Resint ferskynd
It iepenloftspul ‘Freddy, hâld my net tsjin’ jout dizze wike it startskot foar it iepenloftspulseizoen.
Dat stik, mei fragminten út it libben fan sjonger Freddy Mercury en de band Queen en fansels mei harren ferneamde lieten (diskear foar in part yn it Frysk), wurdt opfierd yn De Tynje en is ankom woansdei foar it earst te sjen. It wurdt op fiif datums spile en rint oant begjin juny.
De wike dêrnei nimme twa oare iepenloftspullen de fakkel oer.
Dat is ‘De Sûnderes’, by de Kolk yn Bantegea, dêr’t de haadpersoaan yn har dreamen meisûge wurdt yn de ûnmjitlike djipte fan in draaikolk.
En dat is ‘Wat bisto leaflik!?’ in iepenloftspul oer Waling Dijkstra, ien fan Fryslâns grutste skriuwers en dichters en grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuer.
Dêrnei folgje der noch folle mear. Klik hjirre foar it oersjoch mei beskriuwingen, datums, plakken en begjintiden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje