De film ‘Beau Is Afraid’ is djippe ferkenning fan de minsklike psyche
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk 1
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Skiednis mei Hilbert: Fryske en Frankyske munten út Doarestêd 0
Filmskôging
Ari Aster komt nei de horrorfilms Midsommar en Hereditary no mei in tredde spylfilm Beau Is Afraid.
Krekt sa benearjend, mar in stik minder horror. Ari Aster djippet yn dizze film eangst út, in stúdzje nei skuldgefoel en skamte. Dat allegearre troch de eagen fan Beau.

Ari Aster. Foto Kegrazie. CC Creative Commons Attribution-Share Alike 4.0
Ari Aster
Yn 2018 kaam Ari Aster mei syn debút Hereditary, in horrorfilm oer rou en ferlies. Aakliger as normale horror, djipper as gewoan drama. Dy film soarge net foar it skrikeffekt fan gewoane horror, mar gie jin ûnder de hûd sitten, krekt as syn twadde film Midsommar, dy’t as in bad trip fielt, mei as haadtema ferried.
Beau is Afraid
Yn Beau is Afraid komme we yn ‘e kunde mei Beau, spile troch Joaquin Phoenix, in man fan middelbere jierren dy’t tige neuroatysk, paranoia en eangstich is. Yn de film geane wy by al syn eangsten, sa’t hy dy belibbet, lâns. Wy folgje him op in by tiden surreële en fantasyfolle reis nei syn mem. Mar yn stee fan horror is dizze film in tsjustere komeedzje.
It sjocht der spektakulêr út en nettsjinsteande de lingte fan ‘e film bliuwt it boeiend. Der wurdt boarte mei ferskate stilen. Sa is bygelyks ek in part fan de film animearre.
Trip
In soarte fan modern en dystopysk Lord of The Rings dus, in syktocht yn ‘e djipte fan de minsklike geast en in ferkenning fan famyljebannen en erflikens mei in geweldich ein. Ari Aster giet net foar it standert happy end, mar hy wit jin hieltyd wer te ferrassen. Wy jouwe dizze film 4.5 stjerren.
Nijsgjirrige nije rubryk en nijsgjirrige filmtip!