Bouwe de Boer: Wergea boeit en Bloeit
Resint ferskynd
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Kollum
Moandei 19 juny begjint yn Wergea in wike mei in bysûnder projekt. It hjit Wergea Bloeit en in bettere namme hie dêr net foar betocht wurde kinnen. Wergea sil mei syn 1800 ynwenners in wike lang alles út ’e kast helje om te sjen te litten dat de krêft fan in doarp werklik bestiet en dat dy feroaring ta stân bringe kin. Doarpskrêft om de wrâldproblemen lokaal oan te pakken.
Yn de ôfrûne moannen is mei leden fan alderhande ferieningen praat en Wergea giet de striid oan. De jongereinsoos, de ûndernimmersferiening, basisskoalle de Twamêster, Duorsum Wergea, Bloeisône Wergea, Wurkgroep Bioferskaat, Oan tafel, de Kulturele Kommisje, de Keatsferiening en noch folle mear hawwe al mear as fyftich ideeën oandroegen. Ideeën dy’t passe moatte yn ien fan foarôf fêststelde kategoryen: Kultuer, Sûnens, Werge(a)brûk en Klimaat.

Foto Freonen fan FossylFrij Fryslân
In wike lang is Wergea it middelpunt fan it goede libben. Om dy wike ûnferjitlik te meitsjen wurkje de Wergeaster groepen organisatoarysk mei de Freonen fan FossylFrij Fryslân gear. Dy ploech wurdt fersterke mei it team fan Welcome to the village. It ‘boeiende’ programma sil om 15 maaie hinne oan it doarp presintearre wurde.
De ferwachting is dat der mar in bytsje fleis iten wurde sil en dat der moarns betiid massaal swommen wurdt. De dielauto sil paraat wêze en fansels tsjoene de bern fan de Twamêster in programma mei ferrassingen út ’e hege hoed. Muzyk en toaniel? Wergea is der klear foar. Bioferskaat, de rûte fan it ynsektenetwurk rinne of fytse, in doarpsfyzje, makke troch de jongerein, it is mar in lytse greep út in ryk programma.
By Wergea hâldt it net op. Yn 2024 binne fiif doarpen wolkom om oan dit programma mei te dwaan. En dan yn 2025: dat is it Arcadia-jier. Yn dy simmer binne der miskien mear as 25 doarpen dy’t bloeie. Wy sille it sjen: earst Wergea. Jou it Troch!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje