Bollepysten yn it lân?
Resint ferskynd
Bloch
De Nije Mieden – buorkje yn it Fryske feangreidegebiet (4)

Gert-Jan van Duinen (links) en kollega Koen Brouwer ûndersykje de greide fan De Nije Mieden. Foto © Janna van der Meer
“Tuorrebout (ek wol stjonksigaar of bollepyst neamd) is gaadlik foar de hannel.”
Janna van der Meer yn petear mei ekolooch en ûndersiker Gert-Jan van Duinen
By De Nije Mieden ferbouwe se tuorrebouten. Wat fynsto dêrfan?
Machtich moai! Ik help wêr’t ik kin. As ekolooch en ûndersiker bin ik my tige bewust fan de grutte swierrichheden fan hjoed-de-dei:
- it útstjerren fan hieltyd mear plante- en bistesoarten
- klimaatferoaring
- te hege stikstofútstjit
- wetterfersmoarging
It kweken fan gewaaksen dy’t it op wiete feangrûnen goed dogge, jout foar al dy fraachstikken in oplossing.
Wêrom tuorrebout?
Dy sompeplant hat in protte tapassingen. Se binne te brûken foar it meitsjen fan bou- en isolaasjematerialen, mar ek foar patatbakjes en sa, allegearre op biologyske basis. Se kinne kompostearre en ferhaksele wurde en as struien yn it bûthús brûkt wurde. De tuorrebout is mei oare wurden gaadlik foar de hannel.
Mar op it stuit is mei melken folle mear te fertsjinjen. Dat komt foaral trochdat de skea dy’t de konvinsjonele melkfeehâlderij meibringt net meirekkene wurdt yn ’e kostpriis. Dat is spitich. De dong en it fergif dat oer lânbougrûnen spuite wurdt en it útlekken dêrfan yn it oerflaktewetter… it kostet allegear miljarden!
Hoe kin it ferbouwen fan tuorrebouten wat oan ’e wetterfersmoarging dwaan?
Tuorrebouten filterje it wetter. Stel, der is keunstdong oer in stik greide struid of der is jarre oer it lân riden. Dan rint nei in reinbui smoarch wetter yn de sleat. As dat wetter earst troch in fjild mei tuorrebouten rint, komt it folle skjinner yn ’e sleat telâne.
Is it wier dat tuorrebouten ek foar potgrûn te brûken binne?
De potgrûn dy’t yn sekken by de supermerk te keap is, is turf út de Baltyske steaten. Turf is drûch fean en dat is dêr hiel goedkeap te krijen. It grutskalige ôfgraven fan fean yn dy omkriten hat lykwols ôfgryslike gefolgen foar it miljeu. Dêrom wurdt der nei in alternatyf socht. Dat soe haksele tuorrebout wêze kinne. Spitigernôch sit dêr sied trochhinne dat kymje kin. En minsken wolle gjin ûnkrûd tusken de geraniums. Dêr sykje we in oplossing foar.

Tuorrebouten. Foto Kjetil Lenes, boarne Wikipedy, publyk domein
Hoe befoarderje tuorrebouten it bioferskaat?
Om tuorrebouten te telen, moat it wetterpeil ferhege wurde. Dêr binne gjin dongstoffen of bestridingsmiddels foar nedich en om te rispjen hoecht der mar ien kear yn it jier in masine it lân op. Foar greidefûgels is sa’n miljeu tige noflik. Dêrnjonken kinne fisken tusken de tuorrebouten troch swimme. Yn sokke wiete fjilden fine we ek in protte wetterbisten lykas kikkerts, salamanders, libellelarven en sa.
Bringt it ek swierrichheden mei?
Klanten wolle in konstante kwaliteit tuorreboutmateriaal ha. Wy ûndersykje noch hoe’t wy dêr it bêste foar soargje kinne. Der moatte yn alle gefallen mear keapers komme dy’t brea yn ‘e tuorrebout sjogge. It is in nij produkt.
Fierder binne de guozzen lestich. Dy binne sljocht op jonge tuorreboutplantsjes.
Wat hast fûn by it boarjen yn it lân fan De Nije Mieden?
In laach knipklaai fan 20 oant 30 sm tsjok. Dêr leit sa’n 2,5 meter fean ûnder. Yn it djipste fean fûnen wy stikjes els. Dy moatte fan krekt nei de lêste iistiid wêze. Dus op syn minst 10.000 jier âld! De prehistoaryske elzen groeiden doe yn in sompebosk en foelen yn it wetter, dêr’t ek reid en gerzen yn groeiden.
Deade planteresten ûntbine ûnder wetter hiel stadich. Dêr is ommers gjin soerstof en dat fertraget it fertarren. Sa is troch tûzenen jierren in tsjokke laach organysk materiaal ûntstien: it fean. Der leit hjir in beskermjende laach klaai oerhinne. Mar as dat barst, troch ôfwettering en drûchte, komt der soerstof yn it fean. Dan oksidearret dat fean en ferdwynt it úteinlik.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje