Binne Mosk: Tusken Triumph en Untergang

maaie 4, 2023 12:00

Kollum

Still út de film fan Riefenstahl Bundesarchiv, Bild 183-2004-0312-503

Leni Riefenstahl ferstoar yn septimber 2003 yn ’e âldens fan 101 jier. Se is benammen bekend wurden troch Triumph des Willens’, de film dy’t se oer de nazypartijdei yn Nürnberg yn 1934 makke. Troch ûnbeheinde middels en har grutte artistike fermogen waard it in moai, mar tagelyk in problematysk dokumint oer de opkomst fan Adolf Hitler: de muzyk, de parades, de teätrale effekten, de perfekte regy fan de feestdei en de film. As wy no noch ûnder de yndruk binne, hokker yndruk moat dy propagandafilm krekt nei de krisis op de Dútsers makke hawwe? Yn it begjin komt Hitler út de wolken wei yn syn fleantúch as in soarte fan ferlosser. Riefenstahl hat har leauwe dat de iene persoan mear wurdich is as de oare, nea ferlitten. Yn 1973 waard har fotoboek The last of the Nubas publisearre. Dêryn ek in ferhearliking fan it sterke ras.

Yn  2004 makke Oliver Hirschbiegel Der Untergang, in film dy’t Hitler syn lêste dagen sjen lit. Miljoenen minsken yn Dútslân en yn hiel West-Europa giene nei de film. Der wie krityk, want Bruno Ganz, de haadpersoan, soe Hitler te minsklike en sympatike trekken jûn hawwe en him net ôfbylde hawwe as it meunster dat wy graach yn him sjogge. Hy blykt in minske fan fleis en bloed te wêzen. Hy is aardich foar syn sekretaresse Traudl Junge. De film is basearre op it deiboek dat sy as tweintichjierrige byhold. Se is yn april 1945 ien fan de inkelden yn Berlyn dy’t út ’e hel fan ’e lêste dagen fan de oarloch ûntkamen. Yn hast dokumintêre styl wurdt it proses fan de delgong fan it “tûzenjierrige nazy-ryk” toand. De dwylsinnigens troch Hitler yn syn bunker mei it ynsetten fan nije legerkorpsen dy’t net besteane, it fjochtsjen en de bombardeminten bûten, de skokkende sênes om de selskeazen dea fan Goebbels en de frou, dy’t harren bern earst deadzje.

Yn syn kontroversjele boek Straw Dogs sketst John Gray in somber byld fan it minskdom. Der is gjin foarútgong yn ús morele sin. Wy binne gefaarlike sûchdieren dy’t neat leare fan it ferline en ta alles by steat binne. Darfur, Afganistan, Irak en Oekraïne, om samar in pear foarbylden te neamen, lykje syn opfetting te stypjen. En seit de Heidelberger Kategismus yn fraach 8 net dat wy it kwea yn ús drage?

Fraach: Mar binne wy sa yn ’e grûn ferdoarn, dat wy hielendal ûnbekwaam binne ta iennich goed en oerhingje nei alle kwea?
Antwurd: Ja; of wy moatte opnij berne wurde troch de Geast fan God.

Gray kin foar in part gelyk hawwe wat syn defêtistyske sicht op minsklik ûndernimmen oangiet, mar it is in ûnproduktive hâlding foar elkenien oer en grif foar it ûnderwiis. Jonge minsken moatte leard en oplaat wurde troch optimisten, troch learkrêften dy’t de goedens fan de minske sjogge. Gelokkich is dy kant ek te sjen yn Der Untergang, bygelyks by ien fan de haadpersoanen, in medysk offisier.

Wy kinne út de skiednis leare. It is lestich foar jonge minsken om it drama fan de Twadde Wrâldoarloch te begripen. Reden genôch om de âldere learlingen fan it fuortset ûnderwiis in part sjen te litten fan dy Triumph des Willens, oer de grutheid fan it Tredde Ryk, en dernei ek Der Untergang, dêr’t it úteinlik ta late. Beide binne spektakulêre films dy’t in ynkringend byld jouwe fan de waansin dêr’t de minsken ta yn steat binne. Hooplik in les en in warskôging foar de takomst.

Reichsparteitag 1934. Leni Riefenstahl filmt

maaie 4, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.