Bekend meitsjen Libris Literatuerpriis moandei yn ‘Nieuwsuur’

maaie 7, 2023 08:17

Moandeitejûn 8 maaie docht it tv-programma Nieuwsuur streekrjocht ferslach fan it bekend meitsjen fan de winner fan de Libris Literatuerpriis 2023. Yn Felix Meritis te Amsterdam makket histoarikus Beatrice de Graaf, dit jier de foarsitter fan de sjuery, buorkundich wa’t fan de seis nominearre skriuwers mei de eare en € 50.000 prizejild ôfset. It is de tritichste kear dat de Libris Literatuerpriis útrikt wurdt.

Jeroen Wollaars (foto: © Rogier Veldman)

De seis nominearre skriuwers komme yn Nieuwsuur oan it wurd yn in stikmannich reportaazjes. Dêrnei folget it bekend meitsjen fan de winner. Nieuwsuur-presintator Jeroen Wollaars sil op it poadium in fraachpetear mei de winner hâlde.

It giet diskear om:

  • Anjet Daanje, Het lied van ooievaar en dromedaris;
  • Oek de Jong, Man zonder rijbewijs;
  • Donald Niedekker, Waarachtige beschrijvingen uit de permafrost;
  • Yves Petry, Overal zit mens;
  • Peter Terrin, De gebeurtenis;
  • Peter Zantingh, Tussentijds.

Ferline jier wûn Mariken Heitman de Libris Literatuerpriis mei Wormmaan.

Nieuwsuur (NOS/NTR), moandei 8 maaie 2023 21.30 oere, NPO 2.

maaie 7, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.