Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer
Resint ferskynd
De Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 2022 is oan yntegraal bernesintrum en basisskoalle IKC Prins Constantijn út Ljouwert takend. De priis waard freed 26 maaie troch deputearre Avine Fokkens-Kelder yn it Swettehûs yn Ljouwert útrikt. De publykspriis gie nei de Sint-Pitertsjerke yn Grou.

F.l.n.r.: Jan Nauta (arsjitekt) en Rita de Groot (direkteur Pr. Constantijnskoalle) en Avine Fokkens (deputearre). Foto: Provinsje Fryslân
Foar dizze tolfde edysje waarden fjirtich projekten ynstjoerd. Dy leveren in breed oanbod op fan lytse en grutte gebouwen op it mêd fan wurkjen, kultuer, rekreaasje en wenjen. Opfallend wie it grutte tal partikuliere ynstjoeringen. De sjuery, offisjeel advyskommisje, brocht oan sân projekten in besite.
Prestaasje fan formaat
De advyskommisje keas unanym foar basisskoalle IKC Prins Constantijn oan de Willem Sprengerstrjitte yn Ljouwert as winner. De skoalle stie foar de kar tusken renovaasje en nijbou en keas foar de earste opsje. Ald en nij binne neffens de kommisje knap ta in ienheid smeid. De sjuery neamt de renovaasje in prestaasje fan formaat, ek al omdat it beskikbere budzjet beheind wie. Benammen it ûntwerp, it omgean mei it besteande gebou en it gearwurkjen fan opdrachtjouwer, arsjitekt en brûkers waarden troch de kommisje priizge.
Deputearre Fokkens-Kelder wie loovjend oer dizze edysje fan de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer: “It is geweldich dat der mar leafst fjirtich ynstjoeringen wiene om út te kiezen. In moaie, romme kar foar de sjuery, dy’t sjen lit dat der yn Fryslân noch folop omtinken foar moaie arsjitektuer is. Yn dit gefal prachtich kombinearre mei besteande bou. Soks hâldt Fryslân moai op ’e kaart as it om heechweardige arsjitektuer giet.”

Foto: Jordi Huisman
Foar de LC-publykspriis selektearre de kommisje trettjin projekten dêr’t it publyk op stimme koe. It publyk keas út de selektearre projekten de Sint-Pitertsjerke as favoryt. Dat projekt krige 31% fan de stimmen, dy’t fia de webside fan de Ljouwerter Krante útbrocht waarden.
Advyskommisje
De advyskommisje sjocht de priis net allinne as in beleanning foar it bêste boude projekt, mar ek as oantrún ta aksje. De kommisje wie dizze edysje as neikomt gearstald:
Rob Hendriks, foarsitter – arsjitekt
Peter Michiel Schaap – direkteur Platform GRAS
Suzanne Mulder – arsjitektuerhistoarikus
Marc Nolden – selsstannich lânskipsarsjitekt en redakteur by tydskrift Blauwe Kamer
Kirsten Hannema – arsjitektuersjoernalist
De Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer wurdt ien kear yn ‘e twa jier troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân takend. De provinsje wol mei dy priis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje