“As it om jild giet, kinst better kij melke”
Resint ferskynd
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Bloch
De Nije Mieden – buorkje yn it Fryske feangreidegebiet (3)

Sjoerd Miedema hellet op syn hynder de kij op. Foto Janna van der Meer
Hoe giet in ûndernimmer om mei lege produksje?
Janna van der Meer yn petear mei Sjoerd Miedema, mei-eigener fan De Nije Mieden.
Jouwe de kij fan ’e De Nije Mieden in soad molke?
Nee, want se moatte it dwaan fan it gers dat yn ús greiden groeit. In meager dieet, dêr’t de molkeproduksje fan te lijen hat. Boppedat is ús boaiem net sa bêst. Dêrom waard hjir ek pas buorke doe’t djippe ôfwettering, it brûken fan keunstdong en konsintraat gewoan waard. As jo dy middels net brûke, hat dat grutte gefolgen foar de produksje. Us hege wetterstân is ek net befoarderlik. Wiete grûn is relatyf kâld. Dêrtroch groeit gers folle stadiger. Mar it is net oars!
Hoe geane jo mei dy lege produksje om?
Wy kieze foar dizze wize fan buorkjen om’t wy tinke dat it de duorsumste is. Ryk sille we der net fan wurde. Mar salang’t wy noch troch de tiid komme, binne wy bliid. Minsken wolle graach hearre dat wy op ús manier ek in protte melke kinne. In stap tebek dwaan is net populêr. Dat wy de eintsjes oaninoar knoopje kinne, komt lykwols troch alderhande njonkenaktiviteiten.
Hoe sjogge oare boeren nei jimme?
Se tinke faak dat ik in berekkenjende ûndernimmer bin, dy’t safolle mooglik fertsjinje wol. Dat ik bakken subsydzjes ynhelje. Mar leau my, as it om jild giet, kinst better kij melke. En dêrmei bedoel ik it echte melken, mei grutte Holstein kij, konsintraten, dong, antibioatika, de hiele bringst. De measte kollega’s sjogge ek mei ôfgriis nei ús lân: al dat ûnkrûd, de sompe… Sa rûch en net effisjint! En dan ús kij, it lykje wol geiten. Ha ha! Dêr hawwe se gelyk yn!
Mei hokker aktiviteiten folje jo it ynkommen oan?
Wy binne begûn mei greidefûgelbehear. Om’t wy ús lân op in geunstige wize foar de greidefûgels ynrjochtsje, krije we kompensaasje foar it ferlies yn opbringst dy’t dat jout. Dy kompensaasje wurdt útkeard troch de Agraryske Natuerferieningen (ANV’s) It Lege Midden en Elan. Dy krije harren jild wer fan de oerheid. De ANV’s jouwe ek subsydzjes foar lânskipsbehear. Sa struie wy bygelyks oant fiif meter fan ’e sleatskanten ôf gjin dong en meane wy dy stikken let. Dat hâldt it wetter skjinner en dêr groeie folle mear ferskillende planten. Mei de fisken en oare wetterbisten giet it dêrtroch ek better. Us wichtichste njonkenaktiviteit is lykwols Valuta voor Veen. Dit is in ynkomstemodel foar it opnij bewetterjen fan feangrûn.
Wat is dat Valuta voor Veen?
Dat is in projekt fan de Fryske Miljeufederaasje. De reduksje fan CO2-útstjit dy’t optreedt by hege wetterstân wurdt ferkocht yn de foarm fan CO2-sertifikaten op de frije koalstofmerk. Bedriuwen, oerheden en boargers kinne sadwaande harren CO2-útstjit kompensearje. De klanten dy’t har oanmelde, hawwe harren eigen footprint al oant it maksimum ferlege. Wy kompensearje it lêste stikje – dat wat harren krekt net slagget – mei ús sertifikaten. Yn ús gefal jildt in doelpriis fan hûndert euro de ton fermindere útstjit. Dat bedrach is basearre op de fermindere opbringst fan wiet lân.
Fiele jo josels in ûndernimmer mei al dy subsydzjes en sa?
Ik sjoch mysels as in duorsume ûndernimmer, dy’t hieltiten op ’e siik is nei kânsen en dy sels ek makket. Ik brûk graach subsydzjes omdat dy net om ’e nocht oan boeren beskikber steld wurde. Ik kin dêr de dingen mei dwaan dy’t de maatskippij fan my wol.
De oare kear giet it oer noch in njonkenaktiviteit: de teelt fan tuorrebouten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje