Arnhimmer brekt wrâldrekôr: sa fier mooglik ride op eftertsjillen fan rolstoel
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
De Nederlânsk-Braziliaanske para-atleet Lito King Anker hat it wrâldrekôr ‘langste rit op eftertsjillen fan rolstoel’ yn tiid en ôfstân brutsen.

Foto: Wikipedia/Speculos – CC BY 3.0
De 26-jierrige rolstoeltennisser begûn sneon om 12.00 oere op in atletykbaan yn Arnhim om sa lang én sa fier mooglik op de eftertsjillen fan syn rolstoel te riden. Om 22.00 oere hinne hold er dermei op. De Arnhimmer hie der doe in ôfstân fan goed tritich kilometer op sitten.
Dat is in stik langer as it foarige wheelie-rekôr dat troch in Sinees fêstige waard. Dy lei in ôfstân fan goed 25 kilometer yn fjouwer oeren en fyftich minuten ôf.
Anker is ambassadeur fan Uniek Sporten, in organisaasje dy’t minsken mei in beheining helpt by it sykjen nei in sportoanbieder yn ’e buert. Mei it rekôr wol er parasport yn it omtinken bringe. Yn 2021 die er oan de Paralympyske Spullen yn de Japanske stêd Tokio mei. Hy waard fiifde by it dûbelspul foar manlju.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje