Arjan Hut: Ik bin goudsjeblom

maaie 31, 2023 11:39

Kollum

Kunde út Wyns komt by de buorfrou út ’e hûs. We groetsje inoar, en meitsje in praatsje. It is de suster fan dichter Marije Roorda. “Ah, goudsjeblommen … tsjin de eamelers?” freget se. Nee, goudsjeblommen binne gewoan moai oranje. Wy ha gjin striid mei eamelers. Buorfrou leau ’k wol, dy struit gif tsjin ûngedierte en hat twa apparaten mei in heech ultrasoan piiplûd yn ’e foartún.

André Looijenga, © Fryske Akademy

We wenje yn in nijboublok, ús túntsjes binne mar lyts. Mar it is ús earste túntsje; yn de stêd ha we altyd yn in portykflat of boppewenning sitten. Mei diggels en stientsjes (alle kuiers fyn ik wol in hantsjefol) haw ik in mondriaanesk paadsje oanlein troch in wyldgroei oan blommen en strewellen. Dêr sit ik graach en sjoch nei al it minuskule libben dat sa omridelet. Krekt lykas ik eartiids minsken omrideljen seach fan de boppewenning út.

De buorlju makken har hoekje daliks yn oarder. Mei grint, plantebakken, in pear sierlike konifearen en in beamke yn ’e midden. As de blommen útbloeid binne, ferdwine se yn de kliko. Dan wurde nije blommen kocht. Mei gif en moskito’s bliuwt de wylde natuer op ôfstân. De delkuierjende âlderein seit “Wat in kreaze tún.” De jongerein skrikt mei de hannen foar de earen yninoar en seit “Wat is dat foar kutlûd?”

In kultuertún. De minske kontrolearret, it sjocht der kreas út. Mar sa mâl wol ik it net. Al is it ús gauris oanret: betegelje en in pear plantebakken. Kin de fyts foar hûs stean en  hast der amper omsjen nei. Nee, leaver in libbene tún. Dat fan ús liket op in berm yn de Wâlden. Net altyd like kreas. It tilt bytiden op fan de flinters, bijen, krobben en wat al net mear. Sels de eamelers en de slakken binne wolkom en wat is it moai as der ris in kat of in stikelbarchje troch dizze jungle slûpt.

Kultuer fersus natuer, it it in tema dat yn mear as ien gedicht fan André Looijenga syn debút Fuortsjefinne werom te finen is. ‘Ik soe oer Wyns’, bygelyks, dêr’t er trije wike foar de toeristetiid oan it kanaal by Wyns stiet. Trinus Riemersma leit dêr op it tsjerkhôf (yn it fers ‘Derlâns’ wol de dichter Triemersma in hân jaan, mar mist syn kâns). Der is in terras. Der binne minsken.

Looijenga sjocht Wyns oan de oare kant fan it kanaal, en it pontsje giet noch lang net. It waait te bot om mei de fyts oer Burdaard. Wêrom gjin brêge? It magyske doarpke bliuwt in fata morgana:

want yn Fryslân moat wetter wetter bliuwe
en moatte de wâlen gjin brêgen drage
en moat men net oer Wyns

Arjan Hut, yn Wyns, oan de goede kant fan it kanaal

Tafallich trof ik de dichter op de Bûterhoeke en hiene we it der efkes oer. It siet him dwers, it gemis fan in brêge by Wyns. Grif soe er foar in lytse kulturele yngreep wêze. Mar in eintsje fierder yn de bondel stiet wer in gedicht dat skerper noch kultuer foar natuer oer set: Wy binne wolf. Dêr liket er dochs in sterke sympaty foar de natuer te hawwen.

Ik lês it en fiel it mei. It ferskynde yn 2018 earst op de webside fan it Frysk dichterskollektyf Rixt. In rigel oer trochklik-iis hat de bondel net helle, mar is ferfongen troch in krêftich statement tsjin ús kultuer: ‘jim habsucht soe noch it sykheljen ferhiere’. It werheljen fan de rigel ‘wy binne wolf’ (soks mei eins mar trije kear yn in fers, seit Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma, mar Looijenga lit it bist yn himsels los en werhellet fjouwer kear) wurket as in mantra. De wurden ‘wy bin mei minder, wy binne hear’ klappe deryn.

In wolf haw ik nea sjoen by ús yn it túntsje, mar it soe wat wêze. Us Purrito makket him (feilich efter it finsterglês) grut en blaast en makket dat rare lûd, krekt as wannear’t dy reade boarre fan de oare kant te tichteby komt. En ik, ik krûp efkes út de strûp fan trochklik-ies, om de kâlde tosk fan de wyldernis te oanskôgjen. Preuvelje, ‘ik bin goudsjeblom’ en fjochtsje tsjin de oanstriid om in klipke te meitsjen en skoar dêrmei op Facebook.

wy binne wolf

wy binne wolf
jim skûlje efter hagen, foarby de bosk
jim ha triedden spand, swarte diken getten
jim raze op ljochte tsjillen foar de nacht út
jim hearre nei ús sulveren tillefyzjebyld
jim wachtet de kâlde tosk fan wyldernis
wy binne wolf

wy binne wolf
jim fergaderje op ynstituten yn jim woastyn
jim woekerje it gers, rôvje aaien, de boaiem leech
jim habsucht soe noch it sykheljen ferhiere
jim fersitte dei en oere, frettende
wy binne wolf

wy binne wolf
jim tidigje op ús kommen
jim stoareagje troch fierrekikers, kamera’s
jim offerje gjin fjildfruchten mar skiep
wy binne wolf

wy binne wolf
wy gnuve, wy strune
wy bin mei minder, wy binne hear
wy binne wolf

(út de bondel Fuortsjefinne, fragminten fan André Looijenga, Hispel, 2023)

maaie 31, 2023 11:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.