Arjan Hut: Húskekrisis
Resint ferskynd

André Looijenga, Joël Hut, foto: Geart Tigchelaar
Kollum
Minsken freegje my gauris, binne jo famylje fan de dichter Joël Hut?
Mei dizze sin wol ik myn taspraak iepenje. Hoopje dat de minsken derom laitsje kinne. Mar it sil der net fan komme.
Sneontemiddei, kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. We binne dêr foar de presintaasje fan leafst twa dichtbondels. De iene is fan André Looijenga, de oare fan Joël Hut. It is sa drok dat der ekstra stuollen oansleept wurde moatte. Utjouwer Piter Boersma iepenet it programma en fertelt dat er sels de sprekkers amper ferstean sil. “Ik bin sa dôf as wat en it apparaatsje helpt net in soad.”
Joël Hut is gjin famylje fan my, al tinke minsken dat wolris. “Bist wol grutsk op dyn soan, tink?”, seit ien. Ik fertel dat de dichter de partner fan myn dochter is. Hut is syn skriuwersnamme. As de iene nei de oare sprekker it wurk fan debutant Looijenga taljochtet falt op dat der mar min omtinken is foar de eigenwize, yn it Súdwesthoeksk skriuwende Joël.
Oan ús taffeltsje sit wilens Gabrielle Terpstra te komponearjen. Sy slút it programma ôf mei in spokenwordoptreden. Ik freegje har oft der yn har performance plak is foar in yntermezzo. Ik kin dan in gedicht foardrage út Joël syn bondel, ientsje dy’t ik hiel moai fyn. Miskien noch wat fertelle oer alle útjeften en inisjativen yn eigen behear, en minsken attindearje op syn ienpersoans literêr tydskrift yn it Súdwesthoeksk, Tolef Bryfkes.

Joël Hut jout wolris in kursus
“En as Piter it goed fynt, wol Arjan Hut daliks ek noch in gedicht fan Joël foardrage.” Elkenien heart it, mar Piter – tinkt my – net. Hy sit mei ús ek wat efter de sprekker, kin it sadwaande net liplêze.
Wylst Gabrielle fierder sprekt, en de besikers oan it laitsjen kriget, deidream ik oer Andy Kaufman. Dy gong ris mei 2800 man publyk nei syn optreden om ‘milk & cookies’ út. Soks kin ik ek wol dwaan. “Oanwêzigen”, sil ik sizze. “Ik wol in gedicht fan Joël mei jim diele. In gedicht dat my persoanlik dierber is en hjir yn Tresoar te lêzen is. We meitsje daliks even in útstapke. Nee skrik net, it is tichteby. Wy geane mei-inoar nei de wc. Nee, ja, it húske bedoel ik. It dameshúske. Op it frouljushúske, boppe oan de trep, by de Gysbert Japicksseal. Nee, jo gender makket neat út foar dizze kear… Poëzy diskriminearret net.”
Lykwols, as Gabrielle klear is, slút Piter ôf. Hy hat it foarstel net meikrige. It is tiid foar in noflike neisit. It programma is ek lang genôch. En elkenien wol graach de beide bondels keapje. Mar…
Komme jo nochris by Tresoar op de Bûterhoeke te Ljouwert, rin dan fan de hal út de trep op yn de rjochting fan de Gysbert Japicxseal. Oan de lofterkant binne de húskes. Kies, nettsjinsteande jo gender, de frouljushúskes. Op ien fan beide spegels stiet in gedicht fan Joël Hut. In ienfâldich opset fers, eigenwiis fan taal en wurdkar, in jong stel siket in plakje foar harsels. Jo kinne dêrop de huzemerkkrisis projektearje, mar dat hoecht net. Och, nee, wat in gedoch eins. Lykas Bert de Vries sei, neidat er de nije bondels net pinne koe by de útjouwer, ‘it is 2023, Piter!’. Dat, ik diel him even sa:
tegêre
salle wij tegêre
yn ús nije huzen
ús tee kokjen hjêre
en de koffy bruzen?
katten dy der purre
ien bêd för ús beiden
al wat al sa durre
en wêrfan we seiden
‘hooplik wurdt it dizze
ik sjuch ús al sitten’
wêr ús spullen lizze
en ien lytse kitten
(De bondels Fuortsjefinne fan André Looijenga, en wurd för wurd för wurd fan Joël Hut ferskine by útjouwerij Hispel)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje