Apparteminten en monuminten hoege gjin waarmtepomp

maaie 3, 2023 10:15

Fan 2026 ôf binne eigners fan frijsteande wenten, twa-ûnder-ien-kapwenten en rychjeshuzen ferplichte om in waarmtepomp oan te skaffen as harren cv-tsjettel ferfongen wurde moat. De ferplichting jildt net foar minsken dy’t in appartemint of monumint besitte of in wenning dy’t de kommende jierren op in waarmtenet oansletten wurdt.

Foto: pixabay.com

Dat hat minister De Jonge foar Folkshúsfêsting yn in Keamerbrief buorkundich makke. Hy wol dúdlikheid jaan oan sawol wente-eigners as oan de ynstallaasjebrâns, omdat de regel al oer trije jier fan krêft wurdt. De Jonge fynt it wichtich dat de weromfertsjintiid ûnder de sân jier bliuwt, deselde termyn dy’t by it oanskaffen fan sinnepanielen hantearre wurdt. Earder ûndersyk toant oan dat minsken dat foar sa’n ynvestearring akseptabel fine. En hoe heger oft de enerzjyprizen binne, hoe koarter dat de weromfertsjintiid is.

Wenningeigners, ynstellingen en lytse bedriuwen kinne gebrûk meitsje fan subsydzjeregelingen dy’t tritich persint fan de trochsneed ynvestearringskosten dekke. Neffens berekkeningen is it foar de measte huzen yn Nederlân mooglik om in waarmtepomp yn tsien jier werom te fertsjinjen. Mei dy tritich persint ynvestearringshelp moat de tsien jier dus werombrocht wurde nei de winske sân. Dêr wurdt oant en mei 2030 900 miljard euro foar reservearre.

Jild foar lege ynkommens
Wenten dêr’t de weromfertsjintiid langer as tsien jier by is, as der bygelyks in protte ferboud wurde moat om in waarmtepomp mooglik te meitsjen, wurde foar de ferplichting útsûndere. Lege ynkommens kinne in ekstra berop op it Nasjonaal Waarmtefûns (NWF) dwaan, dêr’t se in liening mei nul persint rinte ôfslute kinne.

Waarmtepomp en hybride waarmtepomp
In waarmtepomp brûkt waarmte út de lucht, boaiem of grûnwetter en makket dy mei help fan elektrisiteit waarmer. Der is gjin gas nedich. In waarmtepomp bestiet út in binnendiel en in bûtendiel, en hat dêrom aardich wat romte nedich. Guon typen meitsje boppedat in protte leven. Omdat in waarmtepomp hieltyd waarmte jout en wat stadiger reagearret as der flugge opwaarming fan wetter nedich is (bygelyks foar it dûsen), kieze guon minsken foar in hybride waarmtepomp. Op mominten dat der in flugge opwaarming nedich is, giet by hybride waarmtepompen it cv-part oan en dat wurket op gas. Se binne dus net ierdgasfrij, mar wol sechstich persint suniger as cv-tsjettels. Hybride waarmtepompen wurde as in tuskenoplossing sjoen, mei’t it kabinet wol dat Nederlân skielk ierdgasfrij is.

maaie 3, 2023 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.