Anne Dykstra: Moanneroas

maaie 31, 2023 08:19

Kollum

Unfoech praat (30)

Boarne: pixabay.com

It tiidwurd bloeie, yn de betsjutting ‘ûngesteld wêze’, hat in seldsumheidsteken yn it WFT. De iennige fynplakken binne dy út twa dielen fan it Friesch Woordenboek út 1900 en 1903. Yn 1903 fine we bloeie neamd ûnder it wurd moan(ne)roas, dat is in roas dy’t in pear kear yn ’t jier, soms moanliks bloeit. It Friesch Woordenboek liket derop ta te wollen dat de gearstallende dielen fan moanneroas respektyflik ferwize nei de menstruaasjesyklus en nei it reade bloed dat frijkomt by de ûngesteldheid. Ik nim no mar efkes oan dat de moanneroas read bloeit.

In moan(ne)roas is neffens it Friesch Woordenboek ek in ‘huwbaar meisje, eig. een meisje op den leeftijd, dat zij de zaken heeft, omdat menstruare in ’t Fries ook bloeije heet’. It Friesch Woordenboek hat grif Halbertsma syn wurdboekhânskriften fan foar 1869 derby hân, dêr’t moanneroas ek as ‘huwbaar meisje’ yn stiet. De wurdboeken jouwe moanneroas net yn de betsjutting ‘froulik geslachtsdiel’, hoewol’t yn Halbertsma syn tiid maandroosje yn it Nederlânsk wol sa brûkt waard.

It bringt my in ferske út myn jongesjierren yn ’t sin: ‘Eens per maand dan moet zij bloeien, komt de tuinman haar besproeien, dan bloeit zij negen maanden niet’. It heucht my dat it langer wie. Wa ken de hiele tekst noch?

Oare wike woansdei fierder.

maaie 31, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. ikke maaie 31, 21:15

    Het hele gedicht staat hier:
    https://www.gedichten-freaks.nl/550526/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.