Anne Dykstra: Menstruaasje
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (28)
Yn menstruaasje is it Latynske menstrualis werom te finen, dat moanliks betsjut. Menstruaasje is in moai deftich en neutraal wurd om de moanlikse syklus fan froulju mei oan te tsjutten. Ik sit komselden by fruoljuspetearen oer it moanliks ûngemak, en ik kin der dus eins net oer oardielje, lykwols tink ik dat menstruaasje bûten de wat formelere situaasjes amper brûkt wurdt.
Fruolju binne meast ûngesteld, tocht ik, of faker hast noch ongesteld. Ongesteld is yn wêzen wat in eufemistyske foarm. Yn guon gefallen hat it dy funksje al wer ferlern en heart men praten fan onge, in ferkoarting dy’t tinken docht oan wee of wùh foar WC.
As ik de STER-reklame leauwe mei, is it oer it generaal gjin feest om ongesteld te wêzen, al wurdt it wol sa neamd: “Jûn net, ik ha feest!” As men de goede produkten brûkt, dan is ongesteld wêzen ynienen wol wer in feest. De froulju yn ’e STER binne teminsten allegearre like fleurich ongesteld.
Froulju dy’t ongesteld binne, hawwe de reade flagge út. Der wurdt wol tocht dat dy reade flagge te krijen hat mei de Dei fan ’e Arbeid. De kleur fan de sosjalisten is ommers read. Yn it Nederlânsk komt met de rode vlag lopen foar as útdrukking foar ongesteld wêzen en ek foar één mei, in streekrjochte ferwizing nei de Dei fan ’e Arbeid.

Ingelske flagge (publyk domein)
De útdrukking ik ha feest, soe fia in omwei weromgean op dat arbeidersfeest, wurdt wol sein. Yn in sitaat út de earste helte fan de njoggentjinde iuw lit in ongestelde Fryske faam trouwens de Ingelske flagge waaie. Dat is wat oars as de Britske flagge. De Ingelske flagge bestiet út in read krús op in wite ûndergrûn. In kombinaasje fan de reade bloedkleur en feest fine we yn ’e útdrukking it is feest yn Readtsjerk.
Oare wike woansdei fierder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje