Anne Dykstra: Freondinne

maaie 3, 2023 07:58 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (26)

Feint en faam, dat wiene earder de nammen foar jongelju dy’t wat mei-inoar hiene. Tsjintwurdich ha je in freon of in freondinne, earder hast noch in vriend of in vriendin. It kin oan my lizze, mar der koene wol hieltyd mear freonen en freondinnen komme. En dan giet it lang net altyd om jongelju. Op ’t heden treft men gauris moai belegen manlju dy’t konsekwint prate fan harren freondin. It komt op my wat eigenaardich en oanstellerich oer. Wolle se witte litte dat se op ’en nij begûn binne? Dat se net boargerlik en âlderwetsk troud binne? Manlju, hâld dêrmei op! Foar ien fan it oare geslacht dy’t by jo yn ’e hûs wennet, dêr’t jo alle jûnen by op bêd krûpe en faaks al bern by ha, hat it Frysk al in wurd, nammentlik frou.

As de taal in refleksje is fan ’e maatskippij, dan is de freon(din)-goarre fan nei 1975. It WFT beskriuwt it Frysk oan dat jier ta en jout as fjirde betsjutting fan freon: ‘minnaar, geliefde, vrijer’. Frjemdernôch mist sa’n soarte betsjutting by freondinne, dat trouwens mar twa betsjuttingen hat, dêr’t freon wol seis hat. De hjoeddeiske betsjutting ‘man dêr’t je wol by en mei wenje, mar net mei troud binne’ is dêr net by.

Oare wike woansdei fierder

maaie 3, 2023 07:58 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. F. Kammeraat maaie 4, 07:36

    Eartiids hie ik in ‘kammeraat’ en ús mem en ús beppe in ‘kammeraatske’. ‘Vriend’ en ‘freondinne’ brûkten wy net; ‘vriend’ allinnich yn it Hollânsk praat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.