Anne Dykstra: De regels hawwe

maaie 24, 2023 08:49

Kollum

Unfoech praat (29)

Boarne: Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

Froulju menstruearje gewoanwei op min ofte mear geregelde tiden. Dy regelmjittigens sit yn ’e útdrukking de regels hawwe. Dat soe yn it Nederlânsk in streekrjochte oersetting fan it Frânske avoir les règles wêze kinne, en benammen yn België foarkomme. En yn Fryslân dus.
Lykas it Ingelsk I’m having my period hat, hat it Frysk ik haw myn rite. Dat rite fyn ik in prachtich wurd foar ûngesteldheid. Rite jout foar my moai oan dat eat bepaalds in bepaalde perioade duorret en dan ynienen ek wer ôfrûn is. Yn it Nederlânsk wurdt wol nei de bepaalde tiid fan de ûngesteldheid ferwiisd mei de dagen hebben. Komt dat by ús ek foar?

De reade loop ha is noch sa’n útdrukking foar ûngesteld wêzen dêr’t de kleur fan bloed yn weromkomt. It wurdsje loop is eins net sa Frysk, mar it past hjir presys. Loop jout in beweging, in floeien oan. Floeie wurdt net om ’e nocht brûkt foar ûngesteld wêzen. Neffens it WFT hawwe froulju as se floeie in ‘te sterke of veelvuldige menstruatie’. Ik wit net oft dat hielendal doocht. Neffens my kin floeie likegoed foar in gewoane ûngesteldheid brûkt wurde. Fan floeie ôflaat is (de) floeiïng ha. In bepaalde ôfskieding út ’e froulike geslachtsdielen wurdt wol de wite floed neamd, dêr’t datselde floeie wer yn sit.
As se yn ’e kwynmoanne binne, binne froulju fysyk en/of psychysk net al te bêst by ’t spul. Dy’t yn ’e kwynmoanne wêzen, kin ek ‘oan it menstruearjen’ wêze. Moai wurd foar menstruaasje, dat kwynmoanne. It lêste part ferwiist moai nei de moanlikse syklus. It earste part komt fan it tiidwurd kwine (Nederlânsk kwijnen), dat betsjut dat se net al te al te binne, wat yn ’e lytse loege sitte. Ik leau dat gâns froulju it mei dy omskriuwing wol lykfine kinne.

maaie 24, 2023 08:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. R. Menstrua maaie 26, 07:49

    Ek: de regels hawwe (menstruearje)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.