Anne Dykstra: Claimkultuer
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (27)
‘Fan da kuntha. Jef hio also dulged wirt, dat hio dae heren naet to tancke tienia mei, so is dio bote …’
Sa begjint in bepaling yn in Aldfryske tekst út likernôch 1483-1486, publisearre troch Han Nijdam yn 2001. Oerset yn hjoeddeistich Frysk stiet der sokssawat as ‘Oer de kut. As in frou sa ferwûne wurdt dat se de hearen net goed genôch mear tsjinje kin, dan is de boete …’ Nijdam set ‘heren’ yn it Ingelsk oer mei lords. Ik soe tinke dat it hjir earder om de manlju gie as om de hege hearen. Hawar, Nijdam hat grif gelyk.
Meleur mei de kul komt by de âlde Friezen ek oan ’e oarder. ‘Fan da pint’, sa begjint in oare bepaling, ‘hua so oderem syn tillinga binimt, dio bote is … Hueer so en man truch syn machta schetten wirt truch dat fel, dio boet is …’
Yn ús Frysk is dat likernôch ‘Oer de kul. As in man syn tyldiel troch in oare man ôfhakke wurdt, dan is de boete …’ As it slachtoffer der noch mear út helje wol, moat er ‘bitigia tria onbineamd moerd’, it deadzjen fan trije net-berne bern claime. Elk dêrfan moat foar betelle wurde as gie it om moard. De claimkultuer is âlder as dat wy tinke.
Oare wike woansdei fierder
It binne fascinearjende teksten, gewoan te lezen op de side fan Brill. Hiel ynteressant!
Wit ien wat “…must exonerate himself with eleven compurgators” betsjut?
Dat wol sizze dat er (de foarroppene) de rjochters fan syn ûnskuld oertsjûgje kin troch sels te ferklearjen dat er ûnskuldich is en troch alve tsjûgen mei te nimmen dy’t dat ek sizze.
“Kuntha”: nijsgjirrich dat dy -n yn it Ingelsk bestean bleaun is. En ek wer nijsgjirrich dat it Ingelske wurd “cunt” etymologysk besibbe is oan it ús bekende wurd “kont”. My benije of’t dizze reaksje fan my it yn de kolommen fan It Nijs ek hellet. Ik haw sa myn ûnderfiningen….