Anjet Daanje wint Libris Literatuerpriis 2023

maaie 9, 2023 10:49

Anjet Daanje (foto: ©Henk Veenstra)

Skriuwster Anjet Daanje hat de Libris Literatuerpriis 2023 krige foar har roman Het lied van ooievaar en dromedaris. Heechlearaar en histoarikus Beatrice de Graaf, foarsitter fan de sjuery, makke de winner moandeitejûn bekend yn kultuerhûs Felix Meritis yn Amsterdam.

De sjuery keas unanym foar de “roman fan ynternasjonale alluere dy’t boppe grins en sjenre útgiet.” Frou De Graaf neamde it boek in oade oan de ferbylding en oan de literatuer sels. Steatssekretaris fan Kultuer en Media Gunay Uslu oerhandige de winner de priis, in sjek fan 50.000 euro.

De skriuwster draacht de priis op oan Emily Brontë, de Britske skriuwster út de njoggentjinde iuw, dy’t as ynspiraasje foar har roman tsjinne. “As sy Wuthering Heights net skreaun hie, dan hie ik myn roman net skreaun.”

Het lied van ooievaar en dromedaris giet oer Eliza May Drayden, skriuwster fan in opskuor jaande roman yn it Yorkshire fan de njoggentjinde iuw. Yn har libben waard har boek ferhune, mar yn de desennia dêrnei groeide it mear en mear ta in masterwurk út.

De sjuery fan de Libris Literatuerpriis omskreau Anjet Daanjes roman yn syn rapport as ‘in fassinearjende literêre syktocht, dy’t de lêzer meifiert fan it 19e-iuwske Yorkshire, fia de Earste Wrâldoarloch yn Pikardië en dan wer werom nei Ingelân om te einigjen yn it 21-iuwske Grins.”

Boarne: ©Passage

maaie 9, 2023 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.