‘Andere Tijden’ oer de evakuaasje fan Arnhim yn 1944

maaie 17, 2023 08:35

De nije ôflevering fan it skiednisprogramma Andere Tijden giet oer de evakuaasje fan Arnhim yn 1944, mei ferhalen fan tsjûgen. Op lêst fan de besetter moasten de Arnhimmers de stêd ferlitte. Yn de wide omkriten moasten minsken ek yn sân hasten op ’e flecht. Uteinlik flechten goed 250.000 Gelderlanners foar it oarlochsgeweld. De ôflevering fan fyftich minuten wurdt presintearre troch Astrid Sy en is tongersdei 25 maaie om 20.30 oere op NPO 2 te sjen.

Boarne: ©Gelders Archief – P.J de Booys sr en jr

De tsientûzenen ballingen reizgje yn de rjochting fan Beekbergen, Apeldoarn en Ede. Te foet, op ’e fyts mei karren en berneweinen. In minsklike slang kronkelet nei it noarden ta. Allinnich it alderneedsaaklike hawwe se by har. Weardefol guod dat se net meinimme koene, hawwe se faak ûnder de flier fan it hûs ferburgen. Skriuwer Ineke Inklaar hat ûndersyk nei dy manmachtige evakuaasje dien. “De oarloch is al fjouwer jier oan ’e gong. Minsken hawwe honger en harren klean en skuon hawwe de bêste tiid hân. Bern drage fjouwer, fiif lagen klean en sjogge der as Michelin-mantsjes út. Hja hawwe in kaartsje om ’e nekke dêr’t op stiet wa’t se binne en by wa’t se hearre.”

Boarne: ©Gelders Archief – P.J de Booys sr en jr

Minsken binne ûnwis. Hja witte net wêr’t se hinne moatte, wannear’t se weromkomme en hoe’t se harren hûs as se weromkomme oantreffe sille. In protte minsken geane earst nei freonen en kunde yn ’e buert, dêr’t se in dei, in deimannich of in wike tahâlde kinne, mar faak moatte se nei ferrin fan tiid dochs wer fierder. As de Feluweseam hielendal fol sit mei evakuees, tsjogge se fierder nei it Gooi, de Achterhoek of Fryslân.

Boarne: © Gelders Archief – P.J de Booys sr en jr

Help oan rike kunde
Nei de oarloch is yn Arnhim ferlet fan alles en it Reade Krús set in nasjonale ynsammelaksje foar húsried op. De Helpaksje Reade Krús: HARK. Ineke Inklaar: “Tafels mei trije poaten en in sûkerpotsje dêr’t in ear ôf wie. De kwaliteit fan it guod dat ynkaam, wie oer it algemien net geweldich. De omrinwinkels no soene it wegerje. En om’t it fermoeden bestiet dat notabelen as earste in kar út de jeften meitsje meie, neame Arnhimmers de HARK al gau spottend: ‘Hulp Aan Rijke Kennissen’.

Te sjen op tongersdei 25 maaie, 20.30 oere op NPO 2.

maaie 17, 2023 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.