Briefkje (65): “Alve fonteinen yn ien dei besytsje? Dat wurdt in wiere besiking.”
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn foarige brief.
Bêste Ed,
Om yn de sfear fan de oersetterij te bliuwen liket it my wol nijsgjirrich en haw it oer de fragen dy’t de redaksje fan It Nijs koartlyn fan in pear lêzers krige: Wat betsjut ‘besytsje’ en wêr komt dat wurd wei? Antwurd: besiten ôflizze of ûntfange. Dat fine we op Frysker en sa stiet it yn de wurdboeken dêr’t Frysker it yn opsiket. Yn it Wurdboek fan de Fryske taal wurdt ‘besytsje’ op 1829 datearre en der stiet by dat it etymologysk fan ‘besite’ komt. Dat it sil wol op it Frânske ‘visite’ weromgean. It heucht my net dat ik it, behalven op It Nijs, ea sjoen en heard haw. Dat kin fansels oan my lizze.
Wat is dyn ûnderfining dêrmei, Ed? En lêzers, wa fan jimme brûkt ‘besytsje’?
As we wat fierder sykje, kinne we sjen dat Frysker (en dus de wurdboeken) foar ‘bezoeken’ as wjergaders ‘opsykje’ en ‘gean nei’ jouwe as it om ‘mei in doel earne hinne gean’ giet.
Wurdt ‘bezoeken’ inkeldris foar ‘trachten’ en ‘pogen’ brûkt, dan is dat by ús ‘besykje (“Kinst it ris besykje, faaks smyt it wat op”). As der ‘beproeven’ of ‘proberen’ mei bedoeld wurdt (wat ek net faak foarkomt), dan sizze wy ‘probearje’ (“Wy sille hjoed de nije ierappels probearje” en “Hy wol syn nije brommer proberarje of útprobearje.”) Dêr wurdt dúdlik mei dat we ‘bezoeken’ selden as ‘besykje’ oersette kinne. De nijsskriuwers hawwe dan ek gelyk dat se it wurd ‘besykje’ net brûke foar it earne op besite gean, mar by it lemma ‘besykje’ sjogge we dat it wol sein wurde kin om dúdlik te meitsjen dat we mei in beskaat doel earne hinne geane (in museum, konsert, stêd ensfh.) en ek as we earne in besite bringe, wat itselde is as guon ‘opsykje’.
Dat ‘opsykjen’ brûke yn alle gefal as we as we guon útnûgje: “Wy rekkenje derop dat jimme ús mei myn jierdei opsykje” en “Djurre en Gryt wiene fan doel en sykje Goaitsen-en-dy nochris op.” Soks hoecht net te betsjutten dat se earst op- of útsykje moatte wêr’t se wenje. Nee, wy begripe skoan dat it om besiten giet.
De oersetting ‘gean nei’ komt goed fan pas as it om it ‘bezoeken’ fan in gearkomste, in útstalling of sokssawat giet. En as we mei de bus by de Alve fonteinen lâns geane, dan geane we dêr net op besite, dat fan besytsjen is gjin sprake. Yn de foarljochting stiet miskien dat “de grootste beeldentuin van Europa altijd open en gratis te bezoeken is”, mar wy fersteane dat we der fergees hinne kinne. De organisatoaren hoopje fansels op in protte ‘bezoekers’. As se Frysk prate, sizze se ‘besikers en besyksters’.
Mei freonlike groetnis
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje