Agraryske kollektiven presintearje Paadwizer gebietsoffertes
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Boeren beheare hieltyd faker it lânskip, beskermje greidefûgels en wurkje bygelyks oan de wetterkwaliteit of in sûne boaiem. Dat kin net sûnder fergoeding en goede ôfspraken. Dêrom hawwe de agraryske kollektiven Noardlike Fryske Wâlden, Kollektyf Grinslân West en Kollektyf Midden-Grinslân en de oanbelangjende oerheden de Paadwizer gebietsoffertes opsteld.

Foto: Provinsje Fryslân
De paadwizer omfettet in stappeplan om ta in gebietsofferte te kommen. Dêr beskriuwt it kollektyf yn hokker maatskiplike tsjinsten op it mêd fan agro, natuer, miljeu, wetter en klimaat oft se leverje kinne, hoefolle budzjet oft dêrfoar nedich is en hoe’t oerheden en boeren mei-inoar de útfiering dêrfan stal jaan kinne.
Mei harren jierrenlange ûnderfining mei it behear fan natuer en lânskip en it fergrutsjen fan it bioferskaat kinne de kollektiven oan it oplossen fan maatskiplike opjeften bydrage. Net troch regels, geboaden, it ferbieden fan saken en subsydzjes, mar troch op te treden as leveransiers fan weardefolle tsjinsten oan de maatskippij dy’t op wearde skat en ôfrekkene wurde. Yn de gebietsofferte jouwe de boeren oan wat se, neist finansjele middels, nedich hawwe fan de freegjende partij (de oerheid) om it oanbod te realisearjen. In paadwizer om ta in gebietsofferte te kommen is foar de boeren in útkomst.
Oanplantsjen fan beammen yn houtwâlen
De paadwizer jout in stappeplan om ta in oanbod te kommen. “Wy sjogge goede mooglikheden om yn it wurkgebiet fan de Noardlike Fryske Wâlden maatskiplike tsjinsten te leverjen. Sa wolle we bygelyks oan ’e slach mei it oanplantsjen fan beammen yn besteande houtwâlen om mear CO2 fêst te lizzen en it bioferskaat te fergrutsjen. Wy kinne ek it brûken fan keunstdong en it oanfieren fan krêftfoer tebek bringe en mear wetter op it boerelân fêsthâlde om it ferdrûgjen en fersâltsjen tsjin te gean. Dy tsjinsten kinne wy mei help fan de paadwizer op wearde sette en útfiere”, seit Albert van der Ploeg, foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden.
Wiidweidige ferkenning
Yn it ôfrûne healjier fierden de trije Fryske en Grinslanner kollektiven yn oparbeidzjen mei de provinsjes Fryslân en Grinslân, Wetterskip Noorderzijlvest, it Ministearje fan LNV, de AgroAgenda Noord Nederland en buro Wing in wiidweidige ferkenning út. Se ynventarisearren wat der op harren gebieten oan doelen en opjeften ôfkomt, lykas it Nationaal Programma Landelijk Gebied. Dêrneist brochten se yn kaart wat de agraryske sektor yn it gebiet leverje kin en wol en hoe’t de maatskiplike fraach en it lokale oanbod byinoar brocht wurde kinne. Dat late ta de Leidraad Gebiedsofferte. Dêrmei is de syktocht noch net klear. De oanbelangjende partijen geane no oan ’e slach om echt ta gebietsoffertes te kommen. Der wurdt ek sjoen hoe’t de gebietsoffertes mei de Provinsjale Programma’s foar it Lanlik Gebiet lykop oprinne kinne. De ambysje is om in earste offerte begjin 2024 oan de provinsjes oan te bieden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje