1,2 miljoen euro foar ûnthjittend projekt Blue Energy

maaie 31, 2023 08:57

Deputearre Steaten stelle goed 1,2 miljoen euro beskikber foar it opskalen fan it ynnovative Blue Energyprojekt op de Ofslútdyk. Mei it jild wurdt de besteande proef op de Ofslútdyk opwurdearre nei in 16,5 kW Blue Energy-ynstallaasje. Dêrneist wurdt it jild brûkt foar de ûntwikkeling fan in ekologysk ferantwurde wetterynnimming en wetterfoarbehanneling. Earder dit jier hat it Waadfûns it projekt posityf beoardiele en is in IKW-Waadfûnssubsydzje fan hast 5 miljoen euro takend.

Foto: Provinsje Fryslân

It proefprojekt Blue Energy is fêstige op de Fryske kant fan de Ofslútdyk. Dêr bouden de inisjatyfnimmers (REDstack, Deltares en NIOZ) yn 2014 in lytse proefynstallaasje foar it opwekken fan ‘blauwe’ stroom. Ferskate partijen, wêrûnder de provinsje en it IKW, hawwe it projekt fan it begjin ôf stipe. De positive útkomsten fan dy technyk, dy ‘t gâns ûnthjit, binne no de basis foar fierdere finansiering. By de technyk fan Blue Energy wurde swiet wetter en sâlt wetter brûkt om enerzjy op te wekken. Swiet en sâlt wetter wurde skaat troch in membraan dat op basis fan ioneútwikseling duorsume elektrisiteit opwekket. Grut foardiel is dat dy unike technyk, yn tsjinstelling ta sinne- en wynenerzjy, 24 oeren deis sân dagen yn ‘e wike enerzjy opwekket. Dêrmei is it in moaie oanfolling op de duorsume enerzjymiks yn de hjoeddeiske enerzjytransysje.

Kofinansiering
Yntusken hat de proef in skat oan ynformaasje opsmiten, is de technyk ferbettere en is it projekt oan de folgjende faze ta. Dêrfoar hawwe de inisjatyfnimmers, yn nauwe gearwurking mei it IKW, in nij plan makke en in oanfraach yntsjinne foar ferfolchsubsydzje. Nei de positive tasizzing dêrfoar fan it Ynvestearringskader Waadgebiet en it Waadfûns earder dit jier, draacht de provinsje no dus ek finansjeel by. Mei de bou fan de gruttere ynstallaasje wolle de inisjatyfnimmers oantoane dat it technysk en ekonomysk mooglik is om op in ferantwurde wize duorsume enerzjy te winnen yn in kwetsber natuergebiet lykas de Waadsee.

Utwreidzje
De gruttere ferzje fan de Blue Energy-ynstallaasje sil alle jierren 132.000 kWh produsearje en is dêrmei goed foar in jierlikse reduksje fan goed 19,8 ton CO2-útstjit. By in trochsneed elektrisiteitsferbrûk de wenning kinne, mei dizze opbringst, goed fjirtich wenningen jierliks fan duorsume blauwe stroom foarsjoen wurde.

Njonken it útwreidzjen fan de ynstallaasje wurkje de inisjatyfnimmers ek oan it útwurkje fan in plan foar in kommersjele 100 MW-sintrale. Dêr wurdt it úteinlik mooglik mei om ûngefear de helte fan alle wenningen yn Fryslân fan elektrisiteit te foarsjen.

maaie 31, 2023 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.