‘Yung Frysk’: ferhalen fan jongelju foar jongelju
Resint ferskynd
Troch de boektydskriften fan Yung Frysk kin elkenien yn ’e kunde komme mei de persoanlike ferhalen fan jongelju yn Fryslân. Alle moannen ferskynt der in nij ferhaal yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk. Dy ferhalen meitsje maatskiplike tema’s besprekber yn de klasse, mar ek fia de sosjale media Insta, Tiktok en Youtube fan Yung Frysk. Krekt ferskynd yn de rige boektydskriften is it ferhaal fan Tadese út Eritrea: ‘Als er niets te kiezen is’.

Foto: Afûk
It doel fan it projekt is om persoanlike ferhalen fan mbû-studinten yn en út Fryslân te sammeljen, te ferwurkjen en te dielen. Elk ferhaal wurdt safolle mooglik yn de taal fan de studint beskreaun om it ferhaal sa oarspronklik mooglik te hâlden, mar wol yn in mienskiplike taal (it Ingelsk, Frysk of Nederlânsk). De ferhalen yllustrearje aktuele maatskiplike tema’s út it perspektyf fan de studint yn of út Fryslân. Dêr falt by te tinken oan tema’s as iensumens/koroana, skulden, sykte, op ‘e flecht wêze, ymmigraasje, seksualiteit, stêd versus plattelân, talint, ensfh.
It eigen ferhaal krije de studinten kado, mar wurdt ek ûnderdiel fan in rige fan (koarte) persoanlike ferhalen. Dy rige set hooplik oan ta lêzen en makket taal en ferhalen sichtber om’t de tydskriften as poster op te hingjen binne. De ferhalen binne ek tige geskikt materiaal om de brede ûntwikkeling en boargerskipsfoarming fan studinten yn it mbû te stimulearjen. It doel is dat de ferhalen weardefolle petearen op gong bringe sille yn de klasse, mar foaral ek dêrbûten.
Hoe sjocht in boektydskrift derút
It tydskrift is in fariant op in zine, dat útteard wurde kin om it ferhaal te lêzen. Op de binnenkant is in grutte kwoot te finen. Sa kin men it ferhaal mei kwoot ophingje as poster, bygelyks yn ’e klasse of op ’e studintekeamer.
Oan ’e ein fan elk ferhaal (op ’e efterkant fan it tydskrift) wurdt trochferwiisd nei helpynstânsjes op de mbû-skoallen yn Fryslân, sadat studinten mei ferlykbere ûnderfiningen, of mei fragen, dêr terjochte kinne. Oan ’e ein fan elk ferhaal wurde trije meartalige boeketips jûn. Dy boeken slute oan by it tema fan it tydskrift.
Neist de papieren fariant is it ferhaal ek beskikber as audiofragmint fia mbu.edufrysk. Foar dosinten wurde noch suggestjes ûntwikkele om it petear nei oanlieding fan de ferhalen op gong te bringen. Dy suggestjes sille dan ek te finen wêze op mbu.edufrysk. It Yung Frysk kampanjeteam makket dêrneist in koarte animaasje by elts ferhaal.
Alle moannen is der in nij boektydskrift fergees te bestellen fia de Taalplan-webside. De tydskriften sille in plakje krije yn boekekasten op mbû-skoallen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje