Ynspiraasje foar Frysk en meartalich ûnderwiis

april 21, 2023 09:46

Om ynspiraasje op te dwaan foar it fak Frysk kamen ôfrûne woansdei sa’n 275 ûnderwiisminsken byinoar foar it evenemint WOW Frysk ûnderweis. Leararen, dosinten en meiwurkers út alle ûnderwiissektoaren (foarskoalsk, primêr, fuortset en spesjaal ûnderwiis, mbû en hbû) wiene dêrfoar nei Blauhús kommen, dêr’t yn de tsjerke en oare gelegenheden it lesjaan yn it Frysk it ûnderwerp fan de dei wie.

Foto Provinsje Fryslân

De grutte belangstelling foar it evenemint lit sjen dat yn it ûnderwiis it Frysk libbet. Skoallen en organisaasjes út alle ûnderwiissektoaren sette har yn foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal. Sa wurkje se mei-inoar oan it Frysk en de trochgeande learline: fan pjut oant promovendus.

Taalskerp lesjaan
It tema fan de dei wie ‘Taalskerp lesjaan’. It is fan belang om omtinken te hawwen foar de talige en kulturele eftergrûn fan bern yn ‘e klasse. De thústaal is in opstap om oare talen te learen. De dielnimmers koene aktyf yn lytsere groepen op ferskillende plakken yn it doarp ûnder mear kennis opdwaan oer hoe’t se by learlingen berikke kinne dat se nocht oan lêzen krije en hâlde en hoe’t de feardichheid yn it lêzen te  fergrutsjen is. Dêrneist wiene der ek lessen oer it brûken fan it Frysk by oare fakken (mei de Fak Taal Formule) en it ynsetten fan sjongen of poëzy yn de lessen.

Gearwurking
It evenemint yn Blauhús makke diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030. Dêr wurdt yn wurke oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).

Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op: www.taalplan.frl.

april 21, 2023 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.