Wurkatelier doarpsargiven op ynternet

april 19, 2023 08:27

Doarpen en stêden binne har hieltyd mear bewust fan de wearde fan lokale erfgoedynformaasje. Se kieze derfoar om dy ynformaasje fia sosjale media te fersprieden. Mar no is der in better alternatyf, it opsetten fan in echt doarps- of stedsargyf op it ynternet mei it nije ErfgoedCMS. Dat digitaal argyfsysteem is spesjaal ûntwurpen en ûntwikkele om doarpen en stêden te helpen mei it bewarjen en ûntsluten fan lokale erfgoedynformaasje.

Om út te lizzen hoe’t it ErfgoedCMS wurket en wat de mooglikheden binne, wurde geregeld op de woansdeitejûn fergeze doarpsargyfwurkateliers op ynternet organisearre. It earstfolgjende wurkatelier is hjoed, woansdei 19 april om 19.30 oere. Alle bysûnderheden fan in online doarps- en stedsargyf wurde útlein en demonstrearre en der is in protte romte om fragen te stellen.

Njonken histoaryske kommisjes en geakundeferieningen wurdt ek elkenien dy’t gewoan ynteressearre is yn it opsetten fan digitale argiven fan herten útnûge om deroan diel te nimmen. Oanmelde kin fia it kontaktformulier op www.erfgoedcms.nl.

Besjoch in ympresje fan de mooglikheden fan it ErfgoedCMS:

april 19, 2023 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.