Wenningbou-ôfspraken foar Fryslân
Resint ferskynd
De Fryske gemeenten, de Provinsje Fryslân en de minister foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering hawwe ôfrûne tongersdei ôfspraken oer wenningbou makke. Dy jilde foar in langjierrige gearwurking tusken gemeenten, provinsje en it Ryk. Mei dy ôfspraken wurde de krêften bondele om de wenningbou yn Fryslân mei faasje oan te pakken. De oerheden wurkje dêrby gear mei wenningkorporaasjes, hierdersorganisaasjes, merkpartijen, soarchpartijen en oare maatskiplike partners.

Foto Provinsje Fryslân
Oant en mei 2030 sille yn Fryslân sa’n 17.500 wenten boud wurde. De dynamyk fan it plattelân is dêr útgongspunt by. Der binne in soad lytse wenningbouprojekten dy’t mei-inoar in wichtige bydrage leverje oan de wenningbou-opjefte en de leefberens. It Ryk sil him ynspanne om de lytsere projekten ek mei subsydzjes te stypjen.
Foar en mei alle regio’s (Ljouwert, Noardeast, Noardwest, Súdeast, Súdwest en de Fryske Waadeilannen) binne ôfspraken makke oer it tal wenten en de ferdieling dêrfan oer de gemeenten. Spesifyk foar de Fryske oanpak is it omtinken foar ynnovaasjes op it mêd fan sirkulêre bou, yndustrieel bouwen en biobased bouwen. De ôfspraken wurde alle jierren evaluearre en as dat nedich is op ’e nij besjoen.
Subsydzjes en nog es subsydzjes, ik snap het allang niet meer
Toen ik werk moest hebben en niemand zich meldde, moest ik wegens eigen woningbezit ( door werken verkregen en aangekocht ) na 1 1/2 jaar E33000’00 terugbetalen aan de sociale dienst, ik had weer werk maar de schuld achtervolgt mij nog steeds en moet aflossen, we zullen hem wel krijgen met zijn bezittingen.
Mensen die naast het werk nog studeerden om vooruit te komen worden genadeloos gestraft in NL omdat zij verstandig leefden , geen nieuwe auto’s kochten of vaak op vakantie gingen.
Studie en onderwijs eisten zoveel tijd dat verbouwen er niet van kwam,
NU na mijn pensionering ben ik zwaar teleurgesteld in de overheid, die de ene subsidie na de andere- aan de woningbouwcorporaties toebedeeld.
OK
Hoe moet het dan wel !
Bekijk niet wat iemand door werk aan bezittingen heeft , maar kijk naar het bedrag welke mensen door werken verdiend hebben , en dan gelijk behandelen huurder en particulier eigenaar !!!
Woningcorporatie of particulier eigenaar
valt er niets te halen bij de woningbouwcorporaties dan ook niet de eigenaar nog langer chanteren !!!
Goeie Wopke, It is sa spitich foar dy, mar dit regear fan VVD,CDA, D66, CU rûpelje minsken sa as dy út, dy ‘t yn ‘e bystân komme. Sy hawwe op dit stuit de mearderheid yn ‘e 2e keamer. Mei in hiel loaie MP Mark Rutte fan ‘e VVD. Dêr hoechsto gjin meilibjen fan te ferwachtsjen.