Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 fan start
Resint ferskynd
Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, de priis foar it bêste Fryske gedicht.

Elbrich Ouderkerken, winner Lytse Gysbert Japicxpriis 2021 (foto: Haye Bijlstra)
De dichtkriich is yn 2013 yn it libben roppen om Gysbert Japicx (Frysk skriuwer en dichter, 1603-1666) syn namme en wurk libben en yn eare te hâlden. Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t er de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal is.
Foar skoallen is it mooglik om in online-lesprogramma te folgjen, mar it is ek mooglik om in edukatyf meiwurker op skoalle út te nûgjen om mei-inoar oan ’e slach te gean mei it meitsjen fan Fryske gedichten. Nij is dat dit jier ek gedichten ynstjoerd wurde kinne dy’t makke binne yn de poëzywike, mei as tema ‘Freonskip’. De skoallen dy’t belutsen binne by it Tsjûkemarprojekt sille ek meidwaan. Dat is in projekt dêr’t bern by ynspirearre wurde troch har omjouwing en dêroer Fryske gedichten skriuwe. Koartsein, as it mar in Frysk gedicht is.
Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde en kinne dan nei in foarseleksje nominearre wurde foar dizze bysûndere priis. De sjuery, dy’t dit jier bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur Fryslân), Wybo Smids (Frysk akteur) en Tjitske van Dijk (skriuwster lesmateriaal Afûk), makket de kar fan it úteinlik winnende gedicht 2023.
De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert en wurdt útrikt troch Petra van den Akker, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De priis wurdt útrikt as ûnderdiel fan it programma fan de Provinsjale Gysbert Japicxpriis, de priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk.
Sjoch foar mear ynformaasje, betingsten en oanmelden op www.tresoar.nl/lytse-gysbert.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje