Undersyk: yn ferhâlding net folle Friezen makken beswier tsjin WOZ-wearde

april 4, 2023 09:21

Ferline jier waard yn Fryslân goed 8.000 kear beswier makke tsjin de WOZ-wearde. Yn ferhâlding leit it tal beswiermakkers yn Fryslân 14,6% leger as de lanlike trochsneed. Wol binne der grutte ferskillen de gemeente. It faakst waard WOZ-beswier makke troch ynwenners fan Súdwest-Fryslân en Ljouwert. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer, op grûn fan data fan it CBS, COELO en de Wurdearringskeamer.

Alle jierren bepale gemeenten de WOZ-wearde fan keapwenten. Mei help fan dy wearderûzing stelle dy fêst hoefolle gemeentlike belesting oft de eigener fan de wente betellet. Wa’t it mei de WOZ-wearde net iens is, kin oant seis wike nei de datum fan de WOZ-beskikking by de gemeente beswier meitsje. Hjir is te sjen oant hokker datum der noch beswier yntsjinne kin yn de ferskillende gemeenten.

Hoe mear oft de WOZ ferhege is, hoe mear beswieren
Is de WOZ flink omheech gien, dan nimt ek it tal beswieren ta. Yn 2022 naam de trochsneed WOZ mei hast 10% ta. By de huzen dêr’t de WOZ mear omheechgie as 12,5%, waard yn mear as in fjirdepart fan de gefallen faker beswier makke as lanlik yn trochsneed.

Hypoteekekspert Marga Lankreijer fan Independer: “Dit jier is de WOZ yn trochsneed mar leafst mei 17% tanommen. De WOZ foar dit jier is basearre op it priispeil fan wenten op 1 jannewaris 2022. De huzeprizen wiene doe tige heech, sadat de WOZ no ek gâns tanimt. Nei alle gedachten sil it tal beswieren dit jier flink boppe de 250.000 fan ferline jier útkomme.” De definitive beswiersifers fan 2023 wurde dúdlik nei’t alle beswieren makke binne.

De top 5 fan gemeenten mei de measte beswieren
De gemeente Súdwest-Fryslân is koprinner beswier meitsjen. Ferline jier waard dêr troch 1.540 wenningeigeners de WOZ-wearde oanfochten. De top 5 fan gemeenten yn Fryslân dêr’t it faakst beswier makke waard:

  1. Súdwest-Fryslân: 1.540 kear;
  2. Ljouwert: 1.280 kear;
  3. Noardeast-Fryslân: 916 kear;
  4. Smellingerlân: 597 kear;
  5. Waadhoeke: 491 kear.

Op de ûndersyksside binne alle sifers oer it tal beswieren en it tanimmen fan de trochsneed WOZ-wearde te finen.

Belestingferleging waacht net tsjin WOZ-stiging op
Alle Fryske gemeenten hawwe it taryf foar de ûnrepliksaakbelesting (OZB) dit jier ferlege. Dy delgong waacht lykwols net tsjin de stjerke WOZ-stiging op. Dêrtroch geane in protte ynwenners der dochs noch op efterút. Yn 2023 betelje Friezen yn trochsneed € 5,28 mear OZB as in jier earder.

Wol binne der grutte ferskillen de gemeente. Sa is yn de gemeente It Hearrenfean de WOZ it meast omheech gien: yn trochsneed betelje de ynwenners dêr € 41,63 mear as ferline hier. Yn Eaststellingwerf (+ € 32,61), Flylân (+ € 26,15) en Tytsjerksteradiel (+ € 10,88) lizze wenningeigeners folle mear foar de ûnrepliksaakbelesting del. Yn Dantumadiel en Achtkarspelen sakket it trochsneed OZB-taryf just mei hast € 40.

WOZ wurdt foar ferskate belestingen brûkt
De WOZ wurdt brûkt om de hichte fan belestingen en heffingen fêst te stellen. Sa brûke gemeenten de WOZ foar de OZB (ûnrepliksaakbelesting) en soms de rioelheffing. De belestingtsjinst brûkt de WOZ bygelyks foar de ynkomstebelesting (it eigenwenningforfait). In hegere WOZ hat dus ynfloed op ferskate kosteposten.

Hypoteekekspert Marg Lankreijer: “Nei ûntfangst fan de nije WOZ-wearde hat in wenningeigener seis wike de tiid om beswier te meitsjen. Goed om te witten: in hegere WOZ-wearde hoecht net perfoarst neidielich te wêzen. It kin kâns jaan op in legere rinte as de WOZ heger is as de hjoeddeiske hypoteekwearde. By NHG kin dat net, want dêr jildt al de leechste rinte foar.”

april 4, 2023 09:21
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. s.de Jong april 5, 15:29

    Yn persentaasjes binne de sifers fan Dantumadiel en Noardeast -Fryslân it heechst.

  2. s.de Jong april 5, 15:37

    Der stiet dat de WOZ wearde is foar keapweningen. It is foar alle ûnreppelik guod ( de namme seit it al) ek foar bedriuwen en hierweningen. De eigener betellet it, en by hierwenningen rekkent hy dat troch yn de hier.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.