Hast 3 op de 4 âlden set bern (faak sûnder te freegjen) op sosjale media
Resint ferskynd
Sinnige fakânsjefoto’s, geweldige skoalprestaasjes of in leave jierdeiswinsk: 72% fan de âlden dielt ynformaasje oer harren bern op sosjale media, faak sûnder tastimming te freegjen. In protte âlden hawwe gjin aan fan de risiko’s dy’t dat meibringt. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan VPNGids.nl ûnder 811 Nederlanners.

Foto: pixabay.com
Facebook, Instagram en oare sosjalemediaplatfoarms steane foaral fol mei foto’s fan bern: 57,3% fan de âlden dielt wolris in foto fan de bern op ynternet. De namme (36,8%) en âldens, bertedatum of jierdei (31,8%) fan in bern wurde faak troch âlden op sosjale media set.
Tastimming fan bern foar in protte âlden net nedich
Goed fjouwer op de tsien âlden freget de bern nea om tastimming as se wat oer harren op it ynternet sette. In part fan de âlden hat der ienfâldichwei net om tocht om tastimming te freegjen (11%), wylst oare âlden fine dat se harren bern gjin tastimming hoege te freegjen (8,6%). Dat in bern te jong (of net by steat is) om goedkarring te jaan, is foar ien op de fjouwer âlden de wichtichste reden om it net te freegjen.
Dat sa’n protte âlden dy tastimming net freegje, is opfallend: hast de helte fan dy âlden wol nammentlik sels wól dat der tastimming frege wurdt, as troch in oar wat oer harren op ynternet set wurdt.
In protte âlden hâlde gjin rekken mei privacy fan bern
Alden dy’t op ynternet ynformaasje oer harren bern diele, kinne privacyrisiko’s op ferskate wizen lytser meitsje, al hâldt de grutte mearderheid dêr gjin rekken mei. Sa skermet 51,4% fan de âlden harren profyl net ôf foar ûnbekenden as se wat oer harren bern pleatse. Alle dielde ynformaasje oer it bern is foar de hiele wrâld sichtber. 57,6% fan de âlden hâldt der gjin rekken mei oft in bern mei in bleat (boppe)liif op in foto stiet of yn in fideo foarkomt.
David Janssen, analist ynternetfeilichheid by VPNGids.nl seit dêroer: “Bern yn it swimbad of op it strân binne fansels tige skattich. Mar, spitigernôch binne der minsken dy’t sokke foto’s mei seksualiteit yn ferbân bringe. Men kin it posten dêrfan dus it bêste mije.”
Hast fjouwer op de fiif âlden slút net út om ynformaasje te dielen oer de skoalle of (sport)feriening fan de bern. Janssen: “Troch dat soarte fan persoanlike ynformaasje te dielen, diele se yndirekt de lokaasje fan harren bern. Minsken mei ferkearde bedoelingen kinne dêrtroch presys neigean wêr’t it bern op dat momint is.”
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje