‘Tulpetiid’ yn Museum Nagele
Resint ferskynd
Yn ’e hal fan Museum Nagele is mei it Tulpefestival (21 april o/m 7 maaie 2023) in eksposysje mei fotobylden fan tulpen te sjen. Dy fotobylden binne makke troch Alice Valk, tulpfotografe.

‘Vergane glorie’, foto: Alice Valk
Alice Valk fynt it groei- en bloeiproses fan de tulp fassinearjend; de tulp is alle dagen oars en alle dagen moai. Benammen yn dizze perioade fan it jier, dêr’t de tulp op it lân in graach sjoene blom yn is. De Noardeastpolder kleuret yn prachtige flakken op it lân. De groei begjint fansels al earder en dat proses folget se graach: de opkommende griene puntsjes dy’t út de bol wei boppe de grûn groeie en de knoppen dy’t op kleur komme en bloeie oant se koppe wurde. Binnendoar yn ’e faas lit se de tulpen útbloeie. Dan fynt se de tulp noch prachtich.
Hja fotografearret de tulp dan ek graach yn de ferskillende stadia. Dat docht se ûnder mear mei stillibbens fan de tulpen yn folle bloei en ek útbloeid yn ’e studio, mei lânskippen op it lân en se kreëarret abstrakte bylden fan de tulp, dêr’t men de tulp hast net by weromken. It giet dan om de foarms, kleuren en linen. De tulp is foar har in einleaze ynspiraasjeboarne dy’t ûntstien is doe’t se by har partner op in blombollebedriuw kaam te wenjen. In bloeiende tulpewielde.
In spesjale leafde is ûntstien foar de firustulp, in sike tulp mei flammen yn de blombledsjes. Foar it projekt ‘Yn de ban fan de Tulp’ hawwe de Rembrandttulp, de earste tulpen dy’t firustulpen blieken te wêzen, en de Delftskblauwe tulp faak in ynspiraasjeboarne foar in searje west. Yn sa’n searje lit se de tulp út syn Hollânske histoarje wei sjen.
De bylden fan de ferskillende searjes binne te sjen op de eksposysje yn ’e hal fan Museum Nagele by it Tulpefestival: de perioade fan útwrydske bloei fan de tulpen op it lân dy’t in protte besikers nei de Noardeastpolder lûkt.
Yn de tiid fan it Tulpefestival binne Museum Nagele en Museumhûs Polman yn Nagele faker iepen, nammentlik ek op tiisdeis en woansdei fan 13.00 oant 17.00 oere. Yn beide musea binne oan de kassa foardielige kombykaarten te keap. Yn Museum Nagele kin men jin ferdjipje yn it ûntstean fan it ‘plattedakkedoarp’. Yn Museumhûs Polman wurdt belibbe hoe’t it foar de nije bewenners yn de fyftiger jierren wie.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumnagele.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje