Trijelûk oer de biografy: lêzing fan David Veltman en Marga Claus by Tresoar

april 8, 2023 09:01

In biografy is in ferheljende libbensbeskriuwing fan in persoan dy’t ynsjoch jout yn it karakter fan dy persoan. As lêzer dûkt men hielendal yn dat libben: alles komt men te witten, fan hichtepunten oant djiptepunten. Mar hoe is it om in biografy te skriuwen? Tal fan aspekten komme dêrby oan de oarder: bout men de tekst gronologysk of tematysk op? Beneamt men alle foarfallen of lit men wat wei? En wat is it kritearium?

Boarne: Tresoar

Freonen fan Tresoar, Tresoar en it Feitsma Fûns organisearje mei-inoar trije jûnen, elk mei in eigen ynfolling mar mei de biografy as mienskiplik tema. Ferskate fasetten steane sintraal. Der wurdt bygelyks stilstien by it sjenre biografy en wat in biograaf by it skriuwen fan in libbensferhaal tsjinkomt. Twa biografen fertelle oer harren ûnderfiningen en ûndersyk en ta beslút komt de wittenskiplike biografy oan ’e oarder.

Lêzing David Veltman en Marga Claus
Op de earste jûn fan it trijelûk, 18 april, binne David Veltman en Marga Claus te gast. David Veltman wurket by it Biografie Instituut fan de Rijksuniversiteit Groningen, in wittenskiplike ynstelling dy’t biografen (as promovendus) begeliedt en fertelt oer it belang fan biografyen. Marga Claus is skriuwster fan ûnder mear biografyske fiksje en dosint libbensferhalen skriuwe. Se fertelt oer har eigen boeken, har kursus en hoe’t se by dielnimmers mei bepaalde oefeningen oantinkens aktivearret.

Wannear: tiisdei 18 april (de oare jûnen binne 23 maaie en 27 juny)
Tiid: 19.30 oere
Wêr: Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw

Oanmelde
Elkenien is wolkom. It is nedich om yn it foar oan te melden. Dat kin fia dizze link.

april 8, 2023 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.