Toeristebelesting Fryslân mei 4% omheech gien
Resint ferskynd
As men yn in Frysk hotel oernachtet, dan betellet men yn 2023 boppe-op de priis fan de akkomodaasje yn trochsneed € 1,93 oan toeristebelesting de persoan de nacht. Dat is wat mear as in jier earder (+4%). Op gemeentenivo binne der gruttere útsjitters. Sa naam it taryf op It Amelân sels mei 13,2% ta. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan Bungalowparkoverzicht.nl nei toeristebelesting yn Nederlân.

Foto: pexels.com
It Amelân it djoerst
Yn seis fan de achttjin Fryske gemeenten is it taryf foar toeristebelesting neffens ferline jier tanommen, yn trochsneed mei 4%. Lanlik wie dat 6,3%. De gemeente It Amelân fierde de grutste feroaring troch: toeristen betelje dêr € 1,80 de persoan de nacht, wylst dat ferline jier noch € 1,59 wie. Yn Weststellingwerf en Opsterlân is it taryf mei 10% omheech gien.
Grutte ferskillen de gemeente
Gemeenten stelle sels fêst oft en hoefolle belesting oft se heffe. Dêrom binne der lokaal grutte ferskillen yn it taryf. Weststellingwerf stiet boppe-oan de list fan djoerste gemeenten yn Fryslân: de hichte fan de toeristebelesting is dêr € 5,21 de persoan de nacht. De top fiif is sa:
- Weststellingwerf (€ 5,21)
- Opsterlân (€ 3,26)
- It Hearrenfean (€ 2,35)
- Flylân (€ 2,11)
- Skylge (€ 1,92)
Dantumadiel (€ 1), Harns en De Fryske Marren (beide € 1,20) hantearje de leechste tariven. Waadhoeke is de iennige gemeente yn ’e provinsje dêr’t foarearst gjin toeristebelesting frege wurdt.
Yn Smellingerlân waard dit jier foar it earst toeristebelesting ynfierd: toeristen betelje dêr no € 1,50 de persoan de nacht.
Relatyf lege toeristebelesting yn Fryslân
Foar in nachtsje yn in hotel yn Fryslân betelje toeristen yn trochsneed € 1,93 de persoan de nacht oan toeristebelesting. In relatyf leech bedrach, lanlik leit it taryf nammentlik op € 2,16. Yn Noard-Hollân wurdt yn trochsneed it heechste belestingtaryf frege: € 3,16 de persoan de nacht. Dat komt benammen troch it hege taryf yn Amsterdam fan € 12,12.
Mear ynformaasje oer de hichte fan de toeristebelesting yn de ferskate gemeenten of dy fan jins fakânsjebestimming is hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje