‘Toer de Boer’: iepen dei op fyftjin pleatsen

april 13, 2023 07:46

Fyftjin melkfeebedriuwen yn en om Ljouwert hinne litte op sneon 22 april oan it publyk sjen wat se oan natuerynklusive duorsume lânbou dogge. Mei kij yn ’e greide, greidefûgelbehear, krûderyk gerslân, foerhagen, boaiemprojekten en lokaal iten hâlde se by it buorkjen hieltyd mear rekken mei de natuer. Op de iepen dei litte se sjen dat se in positive bydrage leverje kinne oan bioferskaat, klimaat en lânskip.

Foto Regiodeal Natuerynklusive Lânbou

Aktiviteiten foar jong en âld
Dy dei wurde foar jong en âld ferskate aktiviteiten organisearre. Fan útlis oer foerrobotten oant hoe’t in wynmûne mei houten wjukken wurket. Bedriuwen dy’t folslein automatisearre binne komme oan bod, mar likegoed de skiednis fan de lânbou yn it, foar dizze gelegenheid fergees tagonklike, Lânboumuseum. ‘TikTok-boer’ Jan Woudstra fan Menaam leit út wat foerhagen binne en op de pleats yn Jellum wurdt útlein wêrom’t huningbijen sa wichtich binne. Om Stiens hinne is in spesjaal boereprogramma kuierjend of fytsend te belibjen. Fierder binne der springkessens, speurtochten, in greidesafary en kofje op it foerpaad.

Priuwerij en streekmerk
Foar in stik tsiis of oar lekkers út de streek kin it publyk terjochte by buorkerijwinkel Tsiis & Sa yn Hilaard. De priuwerij fan de itenskoöperaasje ‘Better foar Letter’ op Dykstra State Menaam en de Biobuorkerij mei streekmerk fan de famylje Stremler út Jorwert binne ek tige de muoite wurdich. De hoarekabedriuwen op de rûte ferwolkomje minsken dizze dei mei in boerespesjaliteit.

Oersjochkaart
De toer is te dwaan op ‘e fyts, kuierjend of mei de auto. Op Regio Deal Natuerynklusive Lânbou (inisjatyfnimmer fan de toer) is in kaart mei in oersjoch fan de pleatsen en harren programma te finen.

De iepen buorkerijrûte wurdt om 10.00 oere yn Jellum op de pleats fan de famylje Andreae iepene. Wethâlder Evert Stellingwerf fan de gemeente Ljouwert tapet dêr de earste flesse molke fan Melktap Jellum. Dêr wurdt de molketaap feestlik mei yn gebrûk nommen.

Tusken 10.00 en 16.00 oere hawwe alle fyftjin pleatsen de doarren foar it publyk iepen.

april 13, 2023 07:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.