Toal-Normierengs-Truppe betinkt nije Sealterfryske wurden
Resint ferskynd

Yn it Sealterlân, de lytse Frysktalige enklave yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, wurdt no ek wurke oan it útbouwen fan de dêr sprutsen fariant fan de Fryske taal. It Seeltersk-Kontoor yn Roomelse hat op fersyk fan de skoallen yn it taalgebiet in kommisje oan it wurk set dy’t nije wurden betinkt.
By it meitsjen fan lesmateriaal en it oersetten fan teksten hawwe de Sealterfriezen faak it probleem dat harren taal net meigroeid is mei de tiid. Foar in soad saken besteane gjin Sealterfryske wurden. Dat probleem bestiet yn it Westerlauwersk Frysk ek, mar dêr is it minder grut, trochdat der folle mear yn skreaun wurdt. Omrop Fryslân, It Nijs en allegear literêre skriuwers moatte geregeld betinke hoe’t se de taal sa brûke dat se ek oer in koroanagoarre, in delstoartende fleanmasine of in nije griente prate kinne.
De kommisje hat de namme Toal-Normierengs-Truppe krigen en komt ienris yn ‘e moanne byinoar. De leden binne Ingeborg Remmers (learares basisûnderwiis en skriuwster fan learmateriaal), Johanna Evers (skriuwster fan learmateriaal), Veronika Pugge (dosinte Sealterfrysk) en Henk Wolf (taalkundige). De kommisje hat oant no ta foaral wurdlisten makke foar it amtlik gebrûk fan de gemeente Sealterlân en foar learmiddels oer fruit en griente. De wurden binne te finen op it webstee fan it Seeltersk-Kontoor.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje