Te foet troch Fryslân mei de Liberation Route Europe
Resint ferskynd
Fan De Blesse nei de Lauwersmar yn it spoar fan de Kanadeeske befrijers
Op sneon 15 april is it krekt 78 jier lyn dat Kanadeeske troepen Ljouwert befrijden en dêrnei grutte parten fan Fryslân. Om de oantinkens dêroan libben te hâlden en troch te jaan oan de folgjende generaasjes, wurdt no sneon yn de Fryske haadstêd mei in betinkingsseremoanje, it ûntbleatsjen fan in monumint én it lansearjen fan in langeôfstânskuierrûte, by ús libben yn frijheid stilstien.

Foto: pixabay.com
In delegaasje fan de Royal Canadian Dragoons, yn aktive en ynaktive tsjinst, is dêrby oanwêzich en sil tsjûge wêze fan it ûntbleatsjen en de adopsje fan in Vector of Memory troch learlingen fan Iepenbiere Basisskoalle IKC Aventurijn. It giet om in monumintale markearring op de Canadian Trail Fryslân, in langeôfstânskuierrûte troch de provinsje yn it spoar fan de Kanadeeske befrijers, dêr’t de Dragoons ûnderdiel fan wiene. Harren bydrage oan de befrijing fan Ljouwert en Fryslân wurdt dêr ferteld.
Dêr makket Fryslân fan 15 april ôf diel mei út fan it ynternasjonale kuiernetwurk fan de Liberation Route Europe, troch de Ried fan Europa erkend as kulturele rûte. Mear as 10.000 kilometer oan kuierrûten by musea, monuminten, begraafplakken en oare plakken yn hiel Europa lâns litte jin weromtinke oan de lêste faze fan de Twadde Wrâldoarloch. De Kanadeeske rûte folget it spoar fan de Kanadeeske befrijers troch Nederlân. Yn Fryslân giet it om 250 kilometer, fan De Blesse yn it suden oant de Lauwersmar yn it noarden. Tal fan foarfallen fertelle ûnderweis it ryk skakearre ferhaal fan de befrijing fan Fryslân en de rol fan de Kanadezen dêryn. It is foar it earst dat dat ferhaal op sa’n aktive wize foar jong en âld tagonklik wurdt.
Lokoboargemaster Nathalie Kramers (Ljouwert), deputearre Avine Fokkens-Kelder (Fryslân), de foarsitters Matthieu Borsboom (vfonds) en Ed Kronenburg (Liberation Route Europa Foundation) sille dy deis elk út harren eigen belutsenheid wei it belang ûnderstreekje fan it betinken en fieren fan ús frijheid, just no en op alle nivo’s. Yn de gemeente, yn de provinsje, mar ek nasjonaal en ynternasjonaal. Op wei nei ‘80 jier Frijheid’ jout de Canadian Trail Fryslân dêr alle romte foar.
Sechstich ferhalen, njoggentich lokaasjes, tsien kuiertochten
Yn totaal giet it op de langeôfstânskuierrûte fan 250 kilometer om mear as sechstich ferhalen ferbûn mei mear as njoggentich lokaasjes. Net allinnich it militêre ferhaal komt foarby út ferskillende perspektiven en tematiken wei, ek de belutsenheid fan it ferset by de befrijing, de kollaboraasje, it ûnderdûken, de opfang fan evakuees, de ynset fan geheim aginten en ûnderfiningen fan gewoane boargers, lykas it ferhaal fan Abe Lenstra. Mei-inoar fertelle dy ferhalen de skiednis fan de befrijing fan Fryslân. Oan it trochgeande rûtetrajekt binne ek tsien koartere kuiertochten ferbûn, dy’t as dei(diel)etappen te rinnen binne. De rûteplanner op www.liberationroute.com en de app fan de Liberation Route Europe toane alle rûten en fertelle ûnderweis oer histoaryske plakken yn tekst, byld, op ’e kaart en út en troch ek mei in harkferhaal. Mei de rûteplanner kinne ek eigen kuierrûten útstippele wurde. Utsein mei de app is de Canadian Trail yn Fryslân ek te rinnen mei it kuierknooppuntnetwurk fan it Kuiernetwurk Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje